Living the light – Robby Müller
Resint ferskynd
De baanbrekkende Nederlânske kameraman Robby Müller (1940-2018) wist as gjin oar mei de sinne te spyljen en de strielen as flinters te fangen. Yn syn hannen feroare de kamera yn in muzykynstrumint dat elkenien dûnsje liet en de wrâld ferljochte. Foar har bysûndere filmessee Living the Light – Robby Müller krige regisseur en kamerafrou Claire Pijman it Gouden Keal foar de bêste lange dokumintêre fan it jier.
Mei syn útsûnderlik gefoel foar kleurdjipte, ynnovative ferljochtingsmetoaden en syn trochgeande syktocht nei ienfâld hat director of photography Müller generaasjes fan kameraregisseurs oanmoedige om harren eigen manier fan sjen te ûntdekken. Utsein in master fan it analoge, waard er ek in digitale pionier doe’t er syn earste spylfilms mei Lars von Trier makke.
Dokumintêremakster Pijman wurke jierren foar Müller en hie tagong ta syn persoanlike argyf: tûzenen Hi8-fideodeiboeken, persoanlike foto’s en polaroids dy’t Robby Müller makke by it draaien mei regisseurs as Wim Wenders, Jim Jarmusch en Michael Winterbottom. De dokumintêre ferwevet dy bylden mei fragminten út Müllers grutte oeuvre ta in floeiend gehiel. Jim Jarmusch foeget dêr mei syn filmmuzyk in eigen lûd oan ta.
De dokumintêre belibbe syn wrâldpremjêre op it prestisjeuze ynternasjonale Filmfestival Feneensje 2018.
Utstjoering: tongersdei 14 novimber, 23.00 oere by de NTR op NPO 2
Foarfilmke: www.youtube.com/watch?v=xYUe64R8J7A
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje