Libbensgefaarlike kluchten fan demonstrearjende Grinslanner boeren

oktober 15, 2019 00:11

Boeren dy’t it net lykfine kinne mei de nije provinsjale maatregel om de ammoniakútstjit te beheinen, hawwe moandei raar wurk makke yn Grinslân. Hja setten manmachtich mei trekkers nei de Grinzer binnenstêd en kloften dêr gear op it Martinytsjerkhôf en de Grutte Merk.

Dêr gie it mâl. Stakingslieder Arjen Schuiling siet mei in kollega op in trekker dy’t dwers troch in plysjefreding hinne ried. De stekken fleagen troch de loft en keallen hast op in pear fytsers. In oare boer ried mei syn trekker de foardoar fan it Grinslanner provinsjehûs derút. Yn it provinsjehûs giene boeren op ‘e fûst mei amtners. Schuiling seit dat it him begruttet om ‘e fytsers dy’t hast rekke binne, mar dat er de skea oan ‘e stekken net slim achtet. In boer dy’t mei syn trekker op in plysjehynder ynried, is arrestearre.

De Nederlânske provinsjebestjoeren hawwe ferline wike in stikmannich maatregels ôfpraat om de útstjit fan stikstof te ferminderjen. Ammoniak út de feehâlderij is ien fan ‘e slimste kweadoggers. Troch de ammoniakútstjit yn bygelyks jarre feroaret de fauna. Kwetsbere planten wurde ferdrukt troch bygelyks gers en brannettels, dy’t tiere op stikstofrike grûn.

De nije provinsjale maatregels moatte wer nijbou mooglik meitsje. De boeren hawwe de yndruk dat hja de rekken krije ynstee fan de huzebouwers. Hja mochten fan de provinsjes harren bedriuw net mear útwreidzje en wiene in fergunning nedich om harren fee weidzje te litten.

Fryslân hat yn reaksje op demonstraasjes as earste provinsje de maatregels weromdraaid. De provinsjebestjoeren fan Oerisel, Gelderlân en Drinte diene dat moandei ek. De provinsje Grinslân hâldt him foarearst oan de ôfspraak mei de oare provinsjes.

oktober 15, 2019 00:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.