Konsert foar Stifting Stype Tadzjikistan yn Hichtum

oktober 7, 2019 08:23

Foto: Wikipedia/Bram ten Cate (lisinsje CC BY-SA 3.0)

Op snein 20 oktober om 14.30 oere is der wer in noflik en tagonklik muzykbarren yn ’e smûke tsjerke fan Hichtum foar it wurk fan Stichting Stype. Baukje Westra (blokfluit), Arjen Versloot (fioele) en Liuwe Westra (klavesimbel) spylje in pear fleurige sonates fan ’e komponisten Händel en Sammartini, Liuwe Westra spilet in stik fan ’e klavesimbelfantast Domenico Scarlatti, en Sebastiaan Schippers lit ferskate pearels hearre út ’e rike oargelliteratuer: Wesley, César Franck en Ashford.

It oargel yn ’e tsjerke fan Hichtum stiet bekend as ien fan ’e moaisten fan Fryslân, en Sebastiaan Schippers wit krekt hoe’t er dêrop ynspylje moat! Hy sil fierder ymprovisearje op fersyk en ús mei-inoar sjonge litte.
Nei ôfrin wurdt mei-inoar in bakje tee of kofje dronken mei wat derby. Tagong fergees; de frijwillige bydrage nei ôfrin is bedoeld foar it wurk fan de Stifting Stype Tadzjikistan. De stifting jout stipe oan hendikepte jonge minsken yn Tadzjikistan by it folgjen fan in stúdzje of oplieding.

oktober 7, 2019 08:23
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. ? oktober 7, 20:31

    Stipe of Stypje?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.