Kolleezjerige ‘Wytsingen yn Frisia’

oktober 15, 2019 09:05

Stifting Oud Geleerd Jong Gedaan (OGJG) biedt kolleezjerigen oan dy’t jûn wurde troch studint-dosinten. Sûnt koart is dy stifting ek aktyf yn de noardlike provinsjes. Op de earste fjouwer freedtemiddeis yn novimber is fan 13.30 oant 15.30 oere in kolleezje te folgjen yn it Spectrum yn Burdaard.

Foto: pixabay.com

De tema’s binne:
1 novimber: Bewiis fan de Wytsingen yn ús noardlike provinsjes;
8 novimber: Hoe seach it eardere keninkryk Frisia derút?
15 novimber: Hokker brûkmen en goaden wienen der doe?
22 novimber: Wat is der hjoed-de-dei noch fan te sjen?

Eltsenien kin meidwaan en foaral meiprate, der binne gjin foaropliedingseasken, ynteresse yn it tema is genôch. Hoewol’t in kolleezje ek los te folgjen is, wurdt wol oanret om de hiele rige te folgjen: soms wurdt der ferwiisd nei eat út in earder kolleezje.

Oan ’e ein fan de rige wurdt in sertifikaat útrikt. Dielname is € 7,50 de kear, kofje/tee en lesmateriaal ynbegrepen. Kaartsjes binne te krijen oan de baly fan it Spectrum yn Burdaard of online fia mgtickets.nl.

oktober 15, 2019 09:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.