Keamermuzykfestival Frjentsjer

oktober 11, 2019 10:31

Fan 28 oktober oant en mei 3 novimber wurdt de earste edysje fan it Keamermuzykfestival Frjentsjer holden. In nagelnij festival op ferskate histoaryske lokaasjes yn Frjentsjer, mei de fokus rjochte op jong talint. It festival stiet ûnder artistike lieding fan de selliste Dana de Vries, sels hikke en tein yn Frjentsjer.

By de konserten spylje Fryske, Hollânske en sels bûtenlânske jonge, muzikale talinten, dy’t in ferskaat oan repertoire heare litte sille: stikken fan grutte masters lykas Mozart, Schubert en Schumann, mar ek fan de ferneamde Fryske komponist Paulus Folkertsma (1901–1972). Peter Kooreman skreau spesjaal foar it festival in nije komposysje dy’t dan syn wrâldpremière belibje sil.

Njonken de konserten binne der oare aktiviteiten organisearre: in muzikale rûnlieding troch it Planetarium, in workshop mei Hendrik Woldring, foaroansteand bouwer fan (alt)fioelen en sello’s, in publykskolleezje fan de Akademy fan Frjentsjer troch prof. dr. Henkjan Honing (Universiteit fan Amsterdam) oer muzyk en it brein, in iepenbere repetysje dêr’t yn te sjen en te hearren is hoe’t de musisy in stik yn ‘e bouten krije, in ‘meet and greet’ mei komponist Peter Kooreman, en gâns mear.

De konserten en aktiviteiten wurde holden yn De Koornbeurs, it Coopmanshûs, Museum Martena, it Eise Eisinga Planetarium, de Mouterij en de Martinitsjerke. Behalve de iepenbiere aktiviteiten sille ek spesjale, besletten foarstellingen jûn wurde op basisskoalle De Toermalijn en yn it fersoargingshûs Saxenoord. It folsleine programma is te finen op www.kamermuziekfestivalfraneker.nl.

Dana de Vries

Dana de Vries (foto: Keamermuzykfestival Frjentsjer)

Dana de Vries begûn har stúdzje by de Tsjechyske master Jirka Prchal yn Ljouwert en studearre cum laude ôf oan it Prins Claus Konservatoarium Grins yn de klas fan Jan-Ype Nota. Dêrnei ferfolge se har stúdzje oan it Conservatoire National Superieur de Musique et de Danse yn Parys en oan de Hochschule für Musik und Theater Leipzig by Michel Strauss en Peter Bruns. As soliste spile se û.o. mei it Noord-Nederlands Orkest, it Nederlands Philharmonisch Orkest, it Jeugd Orkest Nederland en it Haydn Jeugd Strijkorkest. Doe’t se 18 wie makke se har debút yn de Carnegie Hall, New York.

Tusken 2014 en 2018 wie Dana plakferfangend oanfierder fan it European Union Youth Orchestra en dêrnjonken aktyf as keamermusika. It ôfrûne jier wurke se by it orkest fan it Teatro la Fenice yn Feneesje. By de Amsterdamske Cello Biennale, de Avond van de Jonge Musicus, it Prinses Christina Concours, it Haydn Muziek Festival en de Stichting Jong Muziektalent Nederland wûn se ferskate prizen. Yn 2017 krige se it sulveren fioeltsje foar útsûnderlik talint yn it noarden fan Nederlân.

oktober 11, 2019 10:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.