Johannes Kramer foardroegen as boargemaster Noardeast-Fryslân

oktober 17, 2019 08:42

Johannes Kramer (52) út Sibrandabuorren wurdt nei alle gedachten de nije boargemaster fan Noardeast-Fryslân. De gemeenteried hat woansdeitejûn de foardracht fan de betrouwenskommisje oernommen.

Beneaming
De foardracht kaam yn in hektyske wike dêr’t Kramer yn sjen litten hat each en ear te hawwen foar wat op it plattelân spilet. Kramer is no noch deputearre foar de FNP by de Provinsje Fryslân. Kramer is foardroegen om tydlik boargemaster Hayo Apotheker op te folgjen. Noardeast-Fryslân kriget mei Kramer syn earste kroanbeneamde boargemaster. De Kening en de minister fan ynlânske saken nimme it definitive beslút, dat is meastentiids in formaliteit.

Kriich en ambysje
Kramer wie earder jurist by Fryske gemeenten, griffier en gemeentesekretaris yn Menameradiel, acht jier foarsitter fan de FNP-Steatefraksje en acht jier deputearre. Hy is tige optein oer de foardracht fan Noardeast-Fryslân: ‘It is in prachtige en krêftige gemeente mei kriich en ambysje’. Kramer is goed bekend mei ‘Noardeast’ trochdat er jierrenlang gebietsdeputearre foar de regio wie.

FNP-boargemaster
Kramer wurdt de tredde FNP-boargemaster en set de groei fan de FNP troch. Theunis Piersma mocht de earste 10.000 Fryske boargers fertsjintwurdigje, Gerben Gerbrandy dik 27.000. Johannes Kramer mei dat aanst foar 45.000 Friezen dwaan. Johannes wurdt ek de jongste FNP-boargemaster. De ynstallaasje sil nei alle gedachten op 6 jannewaris 2020 wêze. De partij sil de kommende wiken yn beried oer de opfolging fan Kramer as deputearre foar de FNP.

oktober 17, 2019 08:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.