Jane Fonda (81) oppakt by klimaatprotest Washington

oktober 12, 2019 09:43

De Amerikaanske aktrise Jane Fonda hat in oeremannich fêstsitten op in plysjeburo yn Washington nei’t se oanholden wie by in klimaatdemonstraasje. Op bylden is te sjen hoe’t de 81-jierrige Fonda mei oaren demonstrearret op de treppen fan it Kapitoal, dêr’t it Amerikaanske Kongres húsfêste is. Dan wurdt se troch plysjes arrestearre.

Besjoch in filmke fan har arrestaasje.

Foto: pixabay.com

De demonstraasje fan Fonda wie net tastien. Hja is dêrom oanholden foar ûnder oare kloftsjen. Nei in oeremannich waard se frijliten. Tsjin de Los Angeles Times sei Fonda earder dat se rekken hold mei in arrestaasje.

Fonda besleat tongersdei om har oan te sluten by klimaatprotesten yn Washington. Hja sei dat se har ynspirearre en oanmoedige fielde troch de “geweldige beweging dy’t ús jongerein opset hat”. Yn in koarte taspraak foar har arrestaasje neamde se klimaatferoaring “in kollektive krisis dy’t no mienskiplike aksje fereasket”.

Bywurke snein 13/10 13.00 oere: De foarâlden fan Jane (1937- ) en har broer Peter Fonda (1940-2019) komme nei alle gedachten fan Eagum. Yn 1642 boaske Jellis Douwese Fonda (1614-1659), in bewenner fan Eagum, mei Hester Jansz fan Diemen. Seis wike letter waard harren soan Douw Jellise Fonda berne yn Eagum, folge troch dochters Annetje en Geertie. Letter emigrearre de Fonda-famylje nei de Nederlânske koloanje Nij Nederlân, it hjoeddeiske New York. Jellis waard dêr smid en brandewynstoker. (Boarne: Wikipedy)

oktober 12, 2019 09:43
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes Rozenga oktober 13, 12:21

    Fonda fan eartiids in Fries en in Fries moat wat dwaan. Sy docht it en wurdt finzenis naam, hulde oan Jane.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.