Jan Willem Zwart: Pappegaaien

oktober 19, 2019 20:00

Kollum

De greiden sitte wer fol mei guozzen. It is de tiid fan de trek. Fûgels fleane hiele ôfstannen om oerwinterje te kinnen. Fûgels dy’t net fan de kjeld hâlde fleane nei Afrika of sa of de stirnzen hielendal nei Nei-Seelân. Sweltsjes fleane nei West- en Sintraal-Afrika en hawwe it dêr grif nei it sin! Ljippen fleane oer Súd-Europa nei Noard-Afrika om dêr in kreas plakje te finen om te ferbliuwen. Fûgels út Ruslân en Skandinavië sykje ek harren plak op om te oerwinterjen, meastentiids yn Europa, sa ek yn Fryslân. Hiele kloften mei protters, fjildlysters en klysters sammelje op ’e eilannen en lûke foarby. Der sit grif frjemd guod by. Fûgelminsken steane dy fûgels mei grutte kikers op te wachtsjen. Sy kinne harren listje letterlik ôffinkje. Frjemde fûgels.

foto Jan Willem Zwart

Aloan mear is tsjintwurdich te hearren dat der frjemde fûgels opdûke. Al gau wurdt der sein dat it mei it klimaat te meitsjen hat. Of mei it aaiwytrike gers fan de boeren fan tsjintwurdich. Men kin der net mear om hinne. De natuer lit ús hieltyd mear sjen dat it klimaat him oan it opskowen is. De sifers fan meteorologen jouwe oan dat ekstremen yn it waar – waarmte en kjeld – faker foarkomme sille. Underwilens sjogge wy op telefyzje dat de poal oan it teien is en dat der hieltyd minder iis is.

Fingers wize nei boeren, nei fabriken, nei fossile masines, enerzjysintrales en fleantugen. Fingers wize en wize. Der moat eins dochs wol ien de skuld krije. De fraach is oft wy wol ien de skuld jaan kinne. Begjin njoggentiger jierren wie al mear as dúdlik dat it mei de fossile brânje net goed komme soe. Dat wy te meitsjen hiene mei it broeikaseffekt en dat dêrtroch opwaarming ûntstie. Underwilens giene wy allegearre gewoan troch, goedkeap autoride, goedkeape molke drinke, mear en mear konsumearje. Skuld sykje is sa maklik. Wize ek, mar om no ris in kear los fan de oerheud nei jinsels te sjen, dêr heart men nimmen oer. Binne it op it stuit net de fûgels dy’t ús de spegel oanrikke? Moatte wy net in kear hiel goed nei ússels sjen? Miskien kinne wy mei it konsumearjen fan produkten en iten wol it ferskil meitsje. Krekt troch it ferskil te meitsjen hoege wy net te wizen nei oaren ta.

Frjemde fûgels, allinnich troch sels te feroarjen kinne wy se keare, oars duorret it mar efkes en dan sjogge wy pappegaaien yn de greiden.

 

oktober 19, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.