Jan Schokker: Nij nêst 5

oktober 13, 2019 13:42

Kollum

Fan tefoaren hie ik alles goed yn de kop sitten oer hoe’t ik de útwreiding fan de nije wenning oanpakke soe. Tiden ha tiden en wierheden fan pakwei tsien jier lyn wurde wer ynhelle troch de praktyk fan it gebrûk. Sa as mei de isolaasje.

As bern fan dizze nije tiden woene wy sjen oft wy it yn ús nije hûs ek sûnder gas rêde kinne, dat ik hie it foarnimmen om de hiele wenning dik yn de isolaasje te setten. It besteande hûs (boud yn 1988) hat alhiel gjin goede isolaasje-wearde, wylst in maat fan my yn 1970 al sei dat je in hûs eins ferwaarmje moatte kinne mei inkeld tl-buizen. Dus dat sil no ús stribjen wêze.

Ik bou de nije oanbou yn hout, want dat is it moaiste materiaal dat der is en boppedat maklik te bewurkjen. Mei stien ha ik neat en mei izer noch minder, salang’t ik der sûnder kin negearje ik dat guod. De ombou meitsje ik fan brede balken fan in tweintich sintimeter dikte. De breedte is ynjûn om in fette isolaasje mooglik te meitsjen fan fyftjin sintimeter stienwol (dy ‘stien’ kin ik maklik mei in meske snije). It sealtek hie ik al ôfdutsen troch in sandwichplaat mei fiif sintimeter isolaasje. Net folle, sille jo tinke, mar myn doel wie om dêrûnder ek noch ris in fyftjin sintimeter dikke tekken oan te bringen. “Ha, lekker smûk en noflik”, sei de frou.

De dakdekker dy’t ynhierd wie om op in tuskenstik dakbedekking oan te bringen tocht der oars oer. “Isolaasje moat altyd oan de bûtenkant”, sei er. Ik waard der kjel fan en seach nei myn houten ombou. “No ja, wat it dak oanbelanget dan.

”Hoe no dan?”, frege ik. “Wat is der mis mei in dikke tekken?” Myn gedachten dreauwen ôf nei de lêste kâlde winter en hoe’t wy wy  nachts ús dikste dekbêd oer ús hinne hellen, ek al wie it hûs noflik ferwaarme troch dy iene tl-buis.

“As jo boppe it plafond isolaasje oanbringe, ûntstiet der focht yn de tuskenromte, dy’t dêr ûnûntkomber ûntstiet en dan kin it echt begjinne te lekken”, dosearre de dakdekker, in jongkeardel noch.
“Dat mienst net”, sei ik kjel.
“En it stjonkt ek noch ôfgryslik.”

Net dat ik gjin betrouwen hie yn dy jongfeint, mar ik ha it dochs mar efkes neifrege by in freon dy’t boukundige is.
“Dat is sa”, sei dy. “In hiel soad huzen binne op dy wize isolearre, mar foar in grut part ek al wer útklaaid.”
“Wat no”, sei de frou. “Gjin waarme tekken boppe ús?”
“Eh…” Dêr moast ik earst efkes oer neitinke. Uteinlik is it gjin tekken wurden, mar twa ekstra lagen tempex, op en tsjin it dak oan. Sa sitte wy úteinlik ek op dy fyftjin sintimeter. In neidiel is dat it lûd fan in stoartbui op it dak net timpere wurdt. No ja, dat is better as lekkaazje mei stjonkerij. En bringt it ritme fan rein op it dak ek net in soarte fan waarmte yn de romantyk fan in nij thús?

 

 

oktober 13, 2019 13:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.