It komt net goed mei de fernijing fan it skoalfak Frysk
Resint ferskynd
It komt net goed mei de fernijing fan it skoalfak Frysk. Foar alle skoalfakken hawwe de ôfrûne pear jier groepen leararen in plan makke om it te ferbetterjen, foar it Frysk ek. De plannen foar de oare fakken binne op 10 oktober oan minister fan ûnderwiis Arie Slob oanbean. Allinnich dy foar it Frysk ûntbrieken. De provinsje hat it ûntwikkeltiim yn april de opdracht jûn om de aktiviteiten stil te setten.
Foar de fernijing fan de oare fakken wie it ministearje fan ûnderwiis de opdrachtjouwer. De provinsje Fryslân giet lykwols oer it skoalfak Frysk, dat dy stjoerde de leararen Frysk oan. Dat is net hielendal goed gien. De lieding fan it projekt is nammentlik jûn oan in Frysk projektburo, mar hie neffens de provinsje Europeesk oanbestege wurde moatten.
It wichtichste doel fan de fakfernijing wie om it ûnderwiis op ‘e basisskoalle en dy yn it fuortset ûnderwiis better opinoar ôf te stimmen, sadat bern yn ‘e earste klasse fan it fuortset ûnderwiis allegear sa’n bytsje deselde kennis meinimme en de leararen dêr better op trochbouwe kinne.
De Steatefraksje fan ‘e FNP hat deputearre Sietske Poepjes oproppen om derfoar te soargjen dat it Frysk net efterbliuwt as de skoallen alle oare fakken aansen fernije.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje