It Fryske Gea makket him ‘Sterk foar fisk’

oktober 3, 2019 15:45

Mei mear as 10.000 ha oan wetterrike gebieten hat It Fryske Gea in bysûndere ferantwurdlikheid foar wetternatuer en fisk yn Fryslân. De natuerorganisaasje hat ferskate maatregels foar bettere wetterkwaliteit en foar fiskmigraasje nommen. Der wie lykwols noch net in oerkoepeljende fyzje oer wat It Gea berikke wol yn it wetter, hoe’t it dat berikke wol en oer de gearhing tusken de losse ynrjochtings- en behearprojekten. Yn it nije fyzjeplan Sterk foar fisk beskriuwt de organisaasje syn fyzje op de Fryske wetternatuer en fiskmienskippen.

Fyzje
Mear as de helte fan de eigendommen fan It Gea bestiet út wetter en wetterrike gebieten, lykas de Alde Feanen, de Blauhúster Puollen en de Fryske Iselmarkust. It Fryske Gea fynt it wichtich dat de fariaasje oan wettertypen dy’t yn Fryslân te finen is ek ta utering komt yn de oanwêzige fiskmienskippen. Te tinken falt bygelyks oan heldere poldersleatten mei snoek en bitterling of ûndjippe wetters mei in tsjokke modderlaach dêr’t de grûnkrûper him yn thúsfielt. Fierders moat foar alle funksjes dy’t wetter foar fisken hawwe kin, genôch plak en romte wêze, sadat fisken harren libbenssyklus sûnder problemen trochrinne kinne. Te tinken falt bygelyks oan genôch gebieten foar jonge fisken om te ridzjen en op te groeien, mar ek oan plakken dy’t djip genôch binne om te oerwinterjen.

Foto: Dico de Klein

Tige wichtich dêrby is dat fisken ûnbeheind migrearje kinne tusken dy ferskate leefgebieten. It Fryske Gea fynt ek dat fiskmienskippen sa kompleet mooglik wêze moatte, sawol wat soarten as wat leeftydsopbou oangiet. Dus fan proai oant predator en fan jong oant âld. Foar elk wetterryk gebiet stribbet It Fryske Gea nei in sa folslein mooglik itensplaatsje dêr’t fisk in ûnderdiel fan is. Fûgels dy’t fisk ite, lykas as de ielgoes, fiskdief en hjerringslynder, en sûchdieren as de otter krije dêrmei ek har gerak.

Konkrete oanpak troch fiskewurkgroep
Om dy fyzje te realisearjen binne konkrete maatregels beskreaun. De ynrjochting fan trekrûten, it optimalisearjen fan de leefgebieten en in fiskfreonlik behear fan wettergongen en wâlen binne wichtige spearpunten. It Fryske Gea hat in fiskewurkgroep yn it libben roppen om dy maatregels yn de ferskate gebieten oan te passen. Ofspraken oer fisk mei oare organisaasjes, lykas gemeenten, wetterskip en fiskers, wurde ek aktualisearre. Ynspanningen op it mêd fan tafersjoch, ûndersyk en kommunikaasje besiket it Gea út te wreidzjen yn gearwurking mei oare partijen.

oktober 3, 2019 15:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.