In nije De Nije!

oktober 27, 2019 12:54

DE NIJE, it hjoeddeiske Frysktalige tydskrift, diskear mei in aksint op lânskip en ekonomy, leit begjin novimber wer yn tydskriftekiosken en boekhannels. It tydskift is tenei ek by de supermerken fan Poiesz te krijen. En it is no mooglik om in abonnemint op it blêd te nimmen.

Ferline jier is De Nije as proef mei in 0-nûmer úteinset. De reaksjes wiene sadanich posityf, dat besletten waard om mei in hiele jiergong te kommen. Dat bestjut dat it tydskrift ynearsten fiif kear ferskynt en fan 2021 ôf fjouwer kear jiers.

Alle kearen wurdt in tema sintraal steld en der binne fêste rubriken lykas: ‘foar de nijsten’ (de bern), ‘nije Friezen’, de strip ‘Ringeldingen’, in puzel en net te ferjitten in wedstiid. De earste kear gie dy wedstriid om de moaiste oersetting fan in liet út it Ingelsk wei. Diskear kinne foto’s makke wurde. It ûnderwerp: lânskip en ekonomy. Ynstjoeringen binne oant en mei âldjierdei mooglik.

Yn it nije nûmer is der ûnder oaren omtinken foar: muontsewurk yn Mildaam (ekokatedraal), de architekt Nynke Rixt Jukema (dy’t net altyd ferlet fan bouwen hat) en Theunis Piersma, ûnder oaren oer hoe’t greiden eartiids fol wiene fan blommen, ynsekten en fûgels. Fierders: de skriuwer Anders M. Rozendal en de dichter Remco Kuiper. En mear!

It blêd kostet los € 4,95 (yn de winkel); de priis foar in abonnemint (fjouwer jeften yn it jier) is € 17,50.
Reaksjes en/of oanmeldings foar abonneminten kinne nei: redaksje.denije@gmail.com.

oktober 27, 2019 12:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.