In filmportret fan Aggie van der Meer

oktober 13, 2019 09:02 Fernijd

Skrinende ferealens is de titel fan in Fryslân DOK oer skriuwster Aggie van der Meer (1927). Yn novimber ferskynt har boek Tsjûgen fan de macht en kriget se de Gysbert Japicxpriis foar har hiele literêre oeuvre.

Aggie van der Meer (foto: Omrop Fryslân)

Aggie van der Meer wie aktyf yn de fredesbeweging en begûn pas by it âlder wurden te skriuwen. Sy is no 92 jier en noch folop oan it wurk. Se bliuwt idealist, it tinken en skriuwen giet troch, har boeken binne aktueel. Nei in harsenynfarkt hinget se efterop har rolstoel in papier mei de tekst: ‘Duwen mag’ en giet derop út. Yn it filmportret Skrinende ferealens, dat Bart Kingma makke fan Aggie van der Meer, moetet se Dion van den Berg, in âld-meistrider fan it IKV (Interkerkelijk Vredesberaad). Mei har útjouwer Ernst Bruinsma nimt se it manuskript troch fan har nijste boek. Fierder toant Fryslân DOK opnamen fan de foarstelling Sykje fan komponist Hoite Pruiksma en Capella Frisiae, in muzikale hommaazje oan Aggie van der Meer.

Fryslân DOK Skrinende ferealens
19 oktober 15.30 oere op NPO2 (Nederlânske ûndertiteling, werhelling 20 oktober 13.00 oere).
20 oktober 17.00 oere op Omrop Fryslân om 17.00 oere (werhelling alle oeren).

Tip: podcast Aggie van der Meer
13 oktober komt in podcast online út de roman De Achttjin fan Aggie van der Meer, yn de nije Fryske literêre podcastrige ‘Boekekast’: Omropfryslan.nl/boekekast.

oktober 13, 2019 09:02 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.