Iepenbier Ministearje wol Syriëgongers nei Nederlân ta helje

oktober 25, 2019 00:15

It Nederlânske Iepenbier Ministearje hat it regear frege om 29 eardere ynwenners fan Nederlân út Syrië wei te heljen. It giet om minsken dy’t derfan fertocht wurde dat se harren oansletten hawwe by terreurbeweging IS. It IM wol dat hja foar in Nederlânske rjochter ferskine, omdat de kâns lyts is dat hja yn Irak of Syrië berjochte wurde. Minister Grapperhaus hat earder te witten dien dat er net fan doel is en helje de fertochten nei Nederlân ta. Hy wol dat hja berjochte wurde yn it Heine Easten.

Nije wike oardielet de rjochter yn in koart pleit oer it fersyk fan 23 froulju om wer talitten te wurden ta Nederlân. Hja binne ek nei Syrië ta set om by IS. Alve Syriëgongers binne de ôfrûne twa jier harren Nederlânske steatsboargerskip kwytrekke, mar fiif fan harren hawwe it wer weromkrige, mei’t der ûnfoldwaande bewiis wie dat hja nei 2017 noch warber wiene foar IS. Yn dat jier waard it mooglik om terroristen harren steatsboargerskip ôf te pakken.

oktober 25, 2019 00:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.