Iepen dei einekoai by Gytsjerk

oktober 2, 2019 07:57

Snein 6 oktober organisearret It Fryske Gea in iepen middei yn de Buismanskoai by Gytsjerk. Einekoaien binne trochstrings net frij tagonklik, mar op sa’n iepen dei wol, en ek noch fergees. Meiwurkers en frijwilligers jouwe rûnliedingen en fertelle it ien en oar oer it ambacht fan koaiker en wat dy allegear docht.

De einekoai by Gytsjerk leit yn it iuwenâld boskgebiet, op de oergong fan fean nei sân. Hy is dan ek ryklik begroeid. Der binne ûnder mear wol hûndert soarten poddestuollen te bewûnderjen.

De koai leit by Koaiwei 4, Gytsjerk en is snein iepen fan 13.00 oant 17.00 oere.

Foto’s: Bart Schoppers

Bart Schoppers @ Nikon D90-6971330

oktober 2, 2019 07:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.