Hylper Lydbûkjen fôr serke en thús

oktober 4, 2019 16:44

Snein 13 oktober kriget Hylpen in lieteboek it Hylpersk

Twa âld-Hylpers, Cees Glashouwer út Harns en Wiebe E. Zoethout út Oldekerk binne oan ’e slach gien en hawwe in lytse tachtich lieten út Liedboek – zingen en bidden in huis en kerk (2013) / Lieteboek – sjonge en bidde thús en yn tsjerke (2015), de bondels dêr’t yn in soart protestantske tsjerken wykliks út songen wurdt, yn harren eigen memmetaal oerset. In besteande Hylper  oersetting fan Gosse Blom is dêroan tafoege. Dat is allegear yn in kreas boek – 120 siden – byinoar brocht: en nó mar sûnge, Hylper lydbûkjen fôr serke en thús.

De oersetters hawwe de bondel sels útjûn en biede dy sneintemiddei 13 oktober yn in spesjale sjongtsjinst oan harren âld stedgenoaten oan. Dat sil wêze yn in sjongtsjinst yn de Hylper Graetserke (gruttsjerke) de middeis om 14.00 oere. De kantorij en in it bernekoar binne al drok oan it oefenjen.

It doel is dat tenei alle sneinen ien fan de te sjongen lieten út it Hylper lydbûkjen keazen wurdt.

Earder dit jier kaam it mânske Graet Hylper Wordebook út.
It Hylpersk hoecht foarearst noch net ferlern te gean.

oktober 4, 2019 16:44
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. LB oktober 4, 16:57

    In swiid inisjatyf. Hulde

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.