Hieltyd mear gebrûk fan VPN

oktober 2, 2019 07:33 Fernijd

Hieltyd mear Nederlanners meitsje by it ynternetten gebrûk fan in VPN. VPN (Virtual Private Network) is in feilige ferbining tusken de kompjûter en it ynternet.  Yn 2019 set 60% fan de brûkers de VPN geregeld oan of brûkt it sels kontinu as se online binne. Dat docht bliken út in enkête fan VPNGids.nl.

Foto: pixabay.com

De helte fan de manlju brûkt wolris VPN
Sawat de helte fan alle manlju brûkt wolris in VPN-ferbining om feilich te ynternetten. Under froulju is dat sa’n 27%. Benammen minsken ûnder de 40 jier geane mei VPN oan de slach: 53% fan dy groep brûkt wolris in VPN.

VPN meast brûkt foar ferbining mei bedriuwsnetwurk
Foar 1 op de 5 Nederlanners is de wichtichste reden foar in VPN om feilich ferbining te meitsjen mei in bedriuwsnetwurk of netwurk fan in opliedingsynstelling. Anonym browse is foar in soad ek in wichtich doel, 1 op de 8 ynternetbrûkers jout dat as reden foar VPN-gebrûk.

David Janssen fan VPNGids.nl merkt ek ferskillen tusken manlju en froulju op: ‘Trije kear safolle manlju as froulju jouwe oan in VPN-ferbining yn te skeakeljen om de ynternetferbining te befeiligjen tsjin kriminelen. Froulju dêrfoaroer brûke in VPN relatyf faak foar it unblocken fan websiden, apps of sosjale media yn it bûtenlân.’

Sechtichplussers ûnbekend mei VPN
Twatredde fan de sechtichplussers wit net wat in VPN-ferbining is en wêr’t it foar is. Fan de sechtichplussers op ynternet brûkt anno 2019 10% no en dan in VPN. Under 60+ froulju ferbynt mar 2% komselden oant faak mei in VPN.

Sjoch hjir foar mear sifers oer VPN-gebrûk yn 2019.

oktober 2, 2019 07:33 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.