‘Hiel Haulerwyk Bakt’ ynskriuwing iepene

oktober 12, 2019 10:57

Nei fiif jier komt der in ferfolch fan de kompetysje ‘Hiel Haulerwyk Bakt’. Op 2 novimber 2019 wurdt de bêste taartebakker fan Haulerwyk keazen.

De taart moat foldwaan oan it tema ‘40 jier Hummel’, mar de foarm, smaak of kleur mei hielendal sels bepaald wurde. Alle minsken út Haulerwyk en omkriten wurde dus útdage om mei dit tema in taart te bakken. Op 2 novimber wurde de ynstjoeringen beoardiele troch in fakkundige sjuery en der binne moaie prizen te winnen.

Foto: pixabay.com

De prizen
Dit jier sil der krige wurde om in trijetal prachtige prizen. De bêste bakker krijt as haadpriis in AEG-keukenmasine. De twadde priis is in fersoarge high tea foar fjouwer persoanen by Camping Fraai en de tredde priis is in wensjek foar Hummel Wonen fan € 50,-. Foar alle dielnimmers stiet der in moai bakpakket klear by it ynleverjen fan de taart.

De sjuery
De sjuery krijt de taak om alle taarten te beoardieljen. Dy bestiet út: de foarsitter, Marcel Bos, wethâlder fan de gemeente Eaststellingwerf, Miranda Boks, eigner en kok by Smulboks, Bart van der Werf, âld-bakker en eigner fan de bakkerij yn Haulerwijk, Rianne Postma-Meijer, kok yn ’t Witte Huis.

It programma
13:00 – 15:00 oere: ynleverjen fan de bakte taarten
15:00 – 16:00 oere: priuwen troch de fakkundige sjuery
16:00 oere: bekendmeitsjen fan de winner

Meidwaan?
Komme jo út Haulerwyk of omkriten en wolle jo graach meidwaan? Jou jo dan gau op fia dizze link. Ynskriuwe kin o/m 30 oktober 2019. Wa wit krije jo de titel bêste taartebakker fan Haulerwyk en winne jo de AEG-keukenmasine.

oktober 12, 2019 10:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.