Harnzer jazzorkest Leoville leit it ôf

oktober 28, 2019 16:13

Fryslân is in muzyklân, mar jazz komt te uzes oan ‘e krapperein. Harns hie lykwols al in warber jazzorkest: Leoville. Nei fjouwerenfjirtich jier moat dat lykwols belies jaan. Der binne net genôch ljuwe mear te finen dy’t meidwaan wolle.

Leoville gie yn 1975 fan ein as dixielandorkest. De foarste fearnsiuw gie foar wûnder, de Harnzers stiene net allinne yn Fryslân op ‘e planken, mar ek gauris om utens. Om 2000 hinne naam de belangstelling ôf. De muzikanten giene doe yn oarewei mei benammen swingmuzyk.

Op ‘t heden bestiet Leoville út trompetspiler en bandlieder Jemke Visser, Hans Ritman as saksofoanspiler, Haaije Jorritsma op ‘e trombône, Gerard van Dyk op ‘e bas, Jilt Drent op it slachreau en Johan Doornenbal op ‘e gitaar. De fêste sjongeres is Monique Moné. Hja song yn it Ingelsk en yn it Frysk.

Klik hjir om ûnder mear de útfiering fan it Frysktalige jazzferske It wurdt samar ynienen wer ljocht fan Leoville te beharkjen.

oktober 28, 2019 16:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.