Haachske brânsteapelboargemaster Pauline Krikke nimt dien

oktober 6, 2019 19:31

De Haach sit sûnder boargemaster. Pauline Krikke die in pear dagen lyn noch te witten dat se net út harsels fuortgean soe, mar dat hat se no dochs dien. Reden is dat se talitten hat dat mei Ald en Nij fierste hege brânsteapels op it strân fan Skeveling optaast waarden.

De gemeente hie regels opsteld foar de hichte fan ‘e houtsteapels dy’t mei de jierwiksel yn ‘e brân set wurde mochten. De steapels waarden lykwols folle heger makke. De boargemaster wist dat, mar liet de bouwers gewurde. Troch de hurde wyn waarden baarnende stikjes hout oer de stêd blaasd. Dat soarge foar brantsjes, mei in soad skea en mei gefaar foar de minsken op ‘e dyk.

Frou Krikke is de tredde Haachske bestjoerder dy’t dizze wike opstapt. Tiisdei hat hjasels oan wethâlders Richard de Mos en Rachid Guernaoui frege om dien te nimmen. Woansdei naam de gemeenterie in moasje fan wanbetrouwen tsjin ‘e twa oan. Hja wurde fertocht fan korrupsje.

Les êk oer dit ûnderwerp:
https://www.itnijs.frl/2019/01/haachske-boargemasterske-hat-dochs-ut-eangst-oanstekken-te-hege-bransteapels-ynskikt/

oktober 6, 2019 19:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.