Grutte Pier brouwerij makket spesjaal wytsingbier

oktober 7, 2019 14:34

De Grutte Pier Brouwerij hat in spesjaal bier ûntwikkele foar de útstalling Wij Vikingen yn it Frysk Museum. Rodulf de Viking is in mylde huningtripel fan 7,5%. Huning is in wichtich yngrediïnt fan it troch Wytsingen in protte dronken meed, ek wol huningwyn neamd. De namme fan it bier komt fan de Wytsing Rodulf dy’t yn 873 n.Kr. mei syn mannen Frisia ynfoel. De offisjele presintaasje fan it bier is op freed 11 oktober yn spesjaalbierkafee De Markies yn Ljouwert.

Foto: Frans Filius

Fan 19 oktober oant en mei 15 maart 2020 is yn it Frysk Museum de útstalling Wij Vikingen te sjen. Oan de hân fan archeologyske skatten ûntdekt de besiker dat ‘Wytsing’ gjin folk, mar in wize fan libjen wie. Dy libbensstyl hold mear yn as allinne plonderjen. De Wytsingen wiene ek tige betûfte hannelslju mei in wiidweidich netwurk dêr’t de Nederlânske kustbewenners ek profyt fan hiene.

Grutte Pier
Yn 2015 begûnen Frans Filius en Renze Bil de Grutte Pier Brouwerij yn Ljouwert. Harren earste bier, de Grutte Pier Tripel, wûn yn 2015, 2016 en 2019 de titel bêste tripel fan Nederlân by de World Beer Awards yn Londen. Rodulf de Viking is yntusken it achtste bier fan de brouwerij.

Rodulf
De beruchte Wytsinglieder Rodulf wie de skrik fan de Noardsee doe’t er yn it jier 873 Fryslân ynfoel. De ynwenners moasten fan him skatting betelje of oars soe er alle manlju fermoardzje. De Friezen wegeren en giene de konfrontaasje oan. Yn in bluodrige striid makken se Rodulf en 800 oare Wytsingen yn. De Wytsingen dy’t it oerlibben mochten pas ôfsette nei’t se in flinke som sulver betelle hiene.

 

oktober 7, 2019 14:34
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Lútsen en net Luitzen oktober 7, 18:04

    WYTSING hie in goedfryske namme west. Yn ‘e whiskywrâld is it wenst om keltyske nammen te jaan oan de whiskys. Wêrom jouwe wy Friezen ús produkten gjin Fryske nammen. Gelokkich leare wy it stadichoan wol. Suikerbrood leit hjoeddeis yn ‘e winkel as sûkerbôle, en oranjekoeke en dúmkes, mar wêrom dan al wer kalverpoot en suikerlat ypf keallepoat en sûkerlatte. En wat se betocht hawwe foar koarstekoeke soe ik net iens witte. Identiteit priisjaan om watte?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.