Gerben Rypma Toochdagen en Feiling

oktober 12, 2019 09:23

Sneon 12 en snein 13 oktober binne der de middeis yn kafee de Freonskip fan Blauhús saneamde Gerben Rypma Toochdagen. Ien fan de doelen is nij wurk fan de skilder dichter Gerben Rypma (1878-1963) te ûntdekken en te registearjen. Keunstskilder Martin Sijbesma sil it wurk beoardielje en jout advys. Der binne al sa’n 30 skilderijen oanmeld, mar minsken mei ek spontaan komme. De ynbrochte skilderijen wurde, salang’t de eigners op de Toochdagen binne, útstald op in spesjale wand. Sa ûntstiet der in ‘libbene’ útstalling.

Wurk fan Gerben Rypma (foto: Gerben Rypma Stifting)

Der is ek in permaninte útstalling dizze dagen; mei wurk fan Snitser Theo Jaasma, Dryltser Jan Reus, Blauhúster Bauke Hobma en de skilderijen dy’t ôfrûne simmer mei de skilderdei yn it fjild op Idzegea makke binne.

De Toochdagen wurde snein 16.00 oere ôfsletten mei in feiling fan Gerben Rypma-skilderijen en materiaal út eardere útstallings, lykas grutte fotopanelen en lyts guod. Dat is beide dagen earst te besichtigjen. Yn de ‘Gerben Rypma Keamer’ fan it kafee is de útstalling ‘Huzen mei in ferhaal’ dizze dagen iepen.

De Gerben Rypma Stifting is tweintich jier lyn oprjochte. De earste aktiviteit wie in grutte skilderijetentoanstelling yn Blauhús. Yn de rin fan de jierren binne der ferskate oare aktiviteiten by kommen lykas de kulturele kuiertocht fan ein oktober, konserten, útstallings yn de Gerben Rypma Keamer, lêzings, de midsimmerjûn en in útjouwerij fan Fryske boeken.

Toochdagen:
Sneon 12, snein 13 oktober 2019 | Fan 12.00-17.00 oere
Kafee de Freonskip Blauhús

oktober 12, 2019 09:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.