Gemeenten en wenningkorporaasjes starte pilot mei de Foarsjenningewizer

oktober 16, 2019 09:09 Fernijd

Op tongersdei 17 oktober 2019 is it Wrâldearmoededei. Dan wurdt stilstien by it feit dat goed ien miljoen Nederlanners alle dagen de gefolgen ûnderfine fan it libjen yn earmoede. De gemeenten Noardeast-Fryslân en Dantumadiel jouwe dêr ek oandacht oan. Hja starte dêrom mei de pilot ‘De VoorzieningenWijzer’. Dat wurdt yn gearwurking dien mei De Bewennersried, de wenningboukorporaasjes Thús Wenjen en Wenjen Noardwest Fryslân. De offisjele start dêrfan is op Wrâldearmoededei.

Foto: pixabay.com

“It is wichtich dat wy beneame dat der earmoede is en dat wy der each foar hawwe en dat it net yn de taboesfear hingjen bliuwt. Beneame is in stap op wei nei help”, seit wethâlder Jouke Douwe de Vries fan de gemeente Noardeast-Fryslân. Wethâlder Rommy Kempenaar fan de gemeente Dantumadiel ûnderstreket it belang fan in Foarsjenningewizer. “Minsken kinne om hokker reden dan ek yn finansjele swierrichheden reitsje. Sa’n Foarsjenningewizer kin minsken helpe om better grip op harren sinteraasje te krijen.”

De Foarsjenningewizer
De Foarsjenningewizer helpt minsken om jild te besparjen en risiko’s te ferlytsjen troch optimaal gebrûk te meitsjen fan taslaggen en regelingen en kritysk te sjen nei in passende soarchfersekering en in goedkeaper enerzjykontrakt. Beide gemeenten biede hûndert hierders in fergees advyspetear oan mei in ûnôfhinklik adviseur fan de Foarsjenningewizer.

De adviseur fan de Foarsjenningewizer komt op ôfspraak by de dielnimmers thús. Hy of sy makket gebrûk fan in kennisplatfoarm en is dêrtroch op de hichte fan alle besteande taslaggen en regelingen dy’t bedoeld binne om minsken mei in leech ynkommen te stypjen. Enerzjykontrakten en soarchfersekeringen wurde ek mei de dielnimmers fia dit kennisplatfoarm beoardiele. As de persoanlike situaasje ynventarisearre is, helpt de adviseur daliks mei it oanfreegjen fan bygelyks in oare soarchfersekering, enerzjyleveransier en taslaggen. Der wurdt ek besjoen oft it doel hat om oanjefte ynkomstebelesting te dwaan en oft dielnimmers yn ’e beneaming komme foar gemeentlike regelingen. As dat sa blykt te wêzen, wurdt der soarge foar in waarme oerdracht nei besteande lokale partijen, dy’t helpe by bygelyks it ynfoljen fan formulieren.

Besparje
Mei de Foarsjenningewizer hoopje de gemeenten, de Bewonersraad en de wenningkorporaasjes hierders te berikken dy’t ynkomsten misrinne om’t hja net witte op hokker taslaggen en regelingen hja rjocht hawwe. Troch te besparjen op fêste lêsten kinne hja harren ynkommen fergrutsje en skulden foarkomme.

Fergees en fertroulik
It advyspetear is fergees en fertroulik. De besparekspert jout de gegevens fan de pilotgroep fan de hûndert hierders net oan de gemeente of wenningkorporaasje troch. Minsken wurde skriftlik en persoanlik frege om mei te dwaan oan de pilot.

oktober 16, 2019 09:09 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.