Gemeente Waadhoeke wiis mei nij meartalich lesmateriaal

oktober 16, 2019 14:06

Foto: Gemeente Waadhoeke

Foar de basisskoallen yn de gemeente Waadhoeke is troch de ‘De Kemissy Meertalighyd’ nij (digitaal) lesmateriaal ûntwikkele yn meardere talen. De basisskoallen yn Waadhoeke krije fergees in saneamde lesbrief en leskiste oanbean. Wethâlder Jan Dijkstra is tige te sprekken oer it nije materiaal. “Jo uterje jo dochs it leafst yn je eigen taal, dus ik bin hjir tige wiis mei!”

Tema
Het tema fan de lesbrief is ‘iten’. In aktueel ûnderwerp, dat goed oanslút by de belibbingswrâld fan bern en by harren neiste omjouwing, Waadhoeke. Bern wurde mei ûnder oaren ferskes en in gedicht útdage om nei te tinken oer harren iten.

Doel
It doel fan dat lespakket is om de bern fan de groepen 4,5 en 6 bewuster te meitsjen fan harren iten. Boppedat wurdt der in relaasje lein mei harren eigen gemeente, dêr’t gelokkich genôch boeren iten ferbouwe en suvel leverje. Ek leare de bern boartsjenderwize mear talen. It lesmateriaal wurdt yn ferskate talen jûn: Frysk, Biltsk, Hollânsk en Ingelsk. By de lesbrief is in leskiste beskikber, ûntwikkele troch de stichting Bildtse Aardappelweken.

Utwreiding kemissy
De Kemissy Meertalighyd bestiet út entûsjaste leararen út it basisûnderwiis en is ûntstien yn de eardere gemeente It Bilt. De Kemissy rjochtet him no lykwols op de hiele gemeente Waadhoeke en kin wol wat nij bloed en fersterking brûke. Learkrêften fan basisskoallen út Waadhoeke dy’t entûsjast binne oer it idee kinne har melde by De Kemissy.

De lesbrief en mear ynformaasje oer De Kemissy binne te finen op www.meertalighyd.nl.

 

oktober 16, 2019 14:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.