Fyftich jier ‘Turks Fruit’

oktober 13, 2019 09:14 Fernijd

De roman waard in bestseller en de film, dy’t yn 1973 yn premjêre gie, is noch altyd de bêste besite Nederlânske bioskoopfilm fan alle tiden. Yn it twalûk 50 jaar Turks Fruit sjogge direkt belutsenen, lykas Karina Wolkers, Paul Verhoeven, Gerard Soeteman en Monique van de Ven, mar ek oare skriuwers, akteurs, opinymakkers, regisseurs en wittenskippers werom op it boek en de film.

Arnon Grunberg (foto: NTR)

Fyftich jier lyn ferskynde yn novimber 1969 de eksplisite leafdesroman Turks Fruit fan Jan Wolkers. It boek fol seks en ‘skuttingtaal’ soarge foar in protte reaksjes, mar waard ek erkend as krêftich leafdesferhaal oer keunst, leafde en dea. Mei it boek bliek de seksuele revolúsje definityf in trochbraak yn Nederlân te belibjen.

50 jaar Turks Fruit wurdt presintearre troch skriuwer Arnon Grunberg, dy’t Jan Wolkers goed kend hat. Wat wie de betsjutting fan it boek en de film yn dy tiid? Wat is der yn fyftich jier feroare? Hoe stiet it der no foar mei de seksuele moraal? De diskusje oer de (machts)ferhâlding tusken manlju en froulju is mei de MeToo-diskusje aktueler as ea. Binne we kekener wurden? Binne der anno 2019 noch taboes yn de Nederlânske literatuer?

In greep út de minsken dy’t ynterviewd binne: Karina Wolkers, Paul Verhoeven, Monique van de Ven, Monic Hendrickx, Özcan Akyol, minister van OCW Ingrid van Engelshoven, Martin Koolhoven, Olga Zuiderhoek, Herman Pleij en Onno Blom.

Yn de útstjoering fan 6 novimber stiet it boek Turks Fruit sintraal en yn de ôflevering fan 13 novimber is de film ûnderwerp fan petear.

50 jaar Turks Fruit wurdt produsearre troch Pilot Studio yn koproduksje mei de NTR.

Utstjoering: woansdeis 6 en 13 novimber om 20.25 oere op NPO 2.

oktober 13, 2019 09:14 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.