Fryske Toskpoetserswike foar likernôch 1.600 basisskoallelearlingen

oktober 31, 2019 08:37

Fan 4 oant en mei 8 novimber 2019 organisearret GGD Fryslân mei de oplieding toskedokterassistint fan ROC Friese Poort foar de sechde kear op rige de Fryske Toskpoetserswike. Dan jouwe treddejiers studinten fan ROC Friese Poort op 38 Fryske basisskoallen toskpoetserslessen.

Foto: pixabay.com

Yn totaal krije likernôch 1.600 basisskoallelearlingen besite fan de studinten. GGD Fryslân en ROC Friese Poort organisearje dy wike om’t hja har ynsette wolle foar in goede sûnens fan ’e mûle. Toskpoetse is dêr de basis foar, tagelyk mei sûn ite.

GGD en ROC Friese Poort wurkje gear
Yn de toskpoetserswike jouwe de studinten toskpoetserslessen en foarljochtingen op ferskate basisskoallen. Mei GGD Fryslân riede studinten fan ROC Friese Poort harren dêrop ta. Dat dogge se mei literatuerûndersyk, rollespullen en it oefenjen fan presintaasjetechniken. ROC Friese Poort liedt studinten op foar in ôfwikseljende baan as toskedokterassistint. Hja skinke dêrby in soad oandacht oan de praktyk.

Belang fan toskpoetsen
In moai sterk gebyt giet in libben lang mei. Mar dan moat men der wol goed op passe. Twa kear deis toskpoetse, twa kear yn ’t jier nei de toskedokter. En tink ek om it oantal yt- en drinkmominten op in dei. Trije kear deis in miel en net mear as fjouwer kear deis wat tuskentroch ite is it bêste. Sa hâldt men it gebyt goed. Alden en skoallen kinne foar mear ynformaasje oer toskpoetsen terjochte by GGD Fryslân (via 088 22 99 222 of de GGD-webside).

oktober 31, 2019 08:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.