Fryske Akademy út Nederlânske wittenskipsakademy set

oktober 9, 2019 23:47

Fryske Akademy. Foto © Aant Mulder

De KNAW (Koninklijke Nederlandse Academie van Wetenschappen) beskôget de Fryske Akademy net langer as ien fan syn wittenskipsynstituten. De measte wichtige Nederlânske ûndersyksynstituten dy’t net by in universiteit hearre, falle ûnder de KNAW. Yn it nije jierferslach fan de KNAW wurdt it Ljouwerter ûndersyksynstitút lykwols net neamd. Earder kaam de Akademy dêr wol altyd yn foar.

Dat docht de FNP-fraksje yn Provinsjale Steaten te witten. Neffens de FNP kin de KNAW de Akademy net samar sûnder tastimming fan de provinsje Fryslân oan ‘e kant sette. Fraksjefoarsitster Corlienke de Jong wol dêrom fan it provinsjebestjoer witte hoe’t it no krekt sit mei de relaasje tusken KNAW en Fryske Akademy. De FNP soarget ûnder oaren soargen oer de kânsen fan de Fryske Akademy om lanlike en ynternasjonale subsydzjes te krijen, oer de wittenskiplike status fan ‘e Akademy en oer jild foar ûnderhâld fan it gebou. Fierders uteret de partij syn noed oer it fuortbestean fan Mercator, in ûnderdiel fan ‘e Fryske Akademy dat ûndersyk docht nei ûnderwiis yn minderheidstalen.

Klik hjir foar in oersjoch fan ‘e fragen dy’t de FNP oan deputearre Avine Fokkens steld hat.

oktober 9, 2019 23:47
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. sybren oktober 10, 12:29

    It wurd tiid in Fryske Akademy funs to stiftsjen, jild ophelja om it wurk te stypjen

  2. Erwin2.0 oktober 11, 12:43

    Bêste Sybren,

    Soe soks ek mei Europeesk jild kinne? De Nederlânske steat hat der ommers gjin belang by.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.