Frysk fotoprotest tsjin finzenisstraf Katalaanske politisy

oktober 28, 2019 13:11

“It mei net sa wêze dat it útoefenjen fan it demokratysk rjocht op selsbeskikking útrint op swiere finzenisstraffen.” Dat seit Sybren Posthumus, Steatelid foar de FNP, oer it opsluten fan Katalaanske politisy. Fjirtjin dagen lyn waarden hja ta lange finzenisstraffen feroardiele foar meiwurking oan it referindum yn 2017 oer ûnôfhinklikens. De partij wol woansdei in foto meitsje mei Fryske politisy dy’t easkje dat de opsletten Katalanen frijlitten wurde.

Posthumus: “It organisearjen fan in referindum en minsken stimme litte, kin net in misdied wêze yn in goed funksjonearjende demokrasy. Yn ynternasjonale ferdraggen fan de Feriene Naasjes is yn it earste artikel fêstlein dat alle folken sels beslute kinne oer de eigen takomst.”

Woansdei wol de FNP mei safolle mooglik politisy en harren meiwurkers op ‘e foto. Dêr wurdt in poster fan makke dy’t oan ‘e Spaanske oerheid tastjoerd wurdt.

oktober 28, 2019 13:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.