Frjemde taal

oktober 15, 2019 10:41

Ynstjoerd

In frjemde taal kinne jo leare troch stúdzje, of op boartsjende wize troch om te gean mei minsken dy’t dy taal brûke. Alle dagen prate we Frysk tsjininoar, it is ús memmetaal dêr’t wy ús it maklist yn útdrukke kinne. Dêr is ek neat mis mei. Binne wy yn in oar taalgebiet, dan passe wy ús oan en besykje wy yn alle gefallen dy taal te ferstean en te begripen.

No wiene wy ôfrûne snein by in konsert yn in doarpstsjerke. In oantal muzykminsken hiene in programma fan blaasmuzyk gearstald en joegen der in prachtige útfiering fan. Der wiene sa’n 65 besikers en by de iepening fan it konsert waard troch de presintatrise frege oft der minsken wiene dy’t gjin Frysk ferstean koene. Ien of twa persoanen joegen oan dat se dêr wat muoite mei hiene, wêrop’t besletten waard om dan mar fierder yn it Nederlânsk oer te gean.

Ik freegje my no ôf, wat waacht swierder, 63 minsken yn harren memmetaal ta te sprekken of twa minsken tewille te wezen, om’t dy harren net ynspanne om Frysk te ferstean.

Hoe wiis binne wy mei ús taal? As Friezen passe wy ús maklik oan yn frjemde talen, meie wy dat fan ‘Nederlanders’ ek net ferwachtsje?

Reinder Posthuma
Wommels

oktober 15, 2019 10:41
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. mbc84 oktober 16, 19:11

    Wêrom moat it überhaupt frege wurde? Gewoan ôfstekke yn it Frysk. At it net ferstien wurdt, dan wit dyjinge wat him te dwaan stiet (Frysk leare!). No kriget sa’n akeling wer syn gelyk en mient er dat hy mei syn taal boppen de oaren, mei harren boerefrysk, stiet… Nea freegje yn ús FRL at immen al as net Frysk ferstiet. Frysk is de reäliteit en se hawwe it mar te ferstean at se nei sokke kulturiele gearkomsten komme.

  2. Wytse Hospes oktober 18, 19:17

    Yn sa’n gefal soe it moai wêze dat in grut part fan de Frysk-praters der útrinne soenen en dan mar sjen wat oft de reaksje is fan de “lieders”‘fan de jûn.
    Allegear soe noch moaier wêze.
    De praterij wat ferdiele is fansels ek noch in opsje, dat neame se yn Nederlân “polderje” mar dat skyn ek yn de eagen fan ús eigen minsken net te jilden foar de Fryske taal.

  3. mbc84 oktober 19, 20:23

    @Wytse: mar jo witte it, Friezen binne dweilstikken. It binne allegearre Abe de Vriezen en sok guod. Je winne der nea in striid mei, want se knibbelje fuortdalik, want o o, der soenen mar ris minsken útsluten wurde…. Gjin minder folk as Friezen

  4. Johannes Rozenga oktober 20, 16:49

    mbc84, jo moatte net skelle. Abe hat noed oer Fryslân en de Fryske taal. Hy tinkt der wat oars oer dan dy. Mar om op 65 minsken, dêr’t 2 it Frysk net goed ferstean, hoecht net ien Fries him/har te ferbrekken.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.