Frânske plysjedeastekker wie dochs in islamityske terrorist

oktober 5, 2019 10:36

It deastekken fan fjouwer plysjes yn Parys wie dochs in terroristyske die. De Frânske justysje gie der earst fan út dat dat net sa wie. De antyterrorisme-organisaasje PNAT fan justysje hat de lieding oer it ûndersyk op him nommen.

De 45-jierrige Michaël Harpon. stiek tongersdei op it haadkantoar fan ‘e Parizer ynljochtingetsjinst DRPP trije manlike dea. Hy ûnthalze in froulike kollega en ferwûne guon oaren. Dêrnei waard er troch in oare kollega deasketten. Tsjûgen sizze dat Harpon by syn die ‘Allahû akbar!’ rôp.

Harpon wurke sûnt 2003 by de DRPP. Dy plysjeôfdieling hâldt him ûnder oaren dwaan mei de bestriding fan terrorisme. Hy hie tagong ta geheime ynformaasje. Neffens de Frânske parse hat Harpon him oardel jier lyn bekeard ta de islam. Hy hâlde en droech him de ôfrûne tiid ek nuver. Neffens syn frou hearde er stimmen yn ‘e holle.

Frankryk wurdt al jierren opskrille troch islamityske oanslaggen. Yn 2016 en 2017 gou yn it lân twa jier lang de needtastân. Neffens de Frânske oerheid binne yn dy tiid mear as tritich terroristyske oanslaggen feridele.

oktober 5, 2019 10:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.