Frânske plysje stekt kollega’s dea

oktober 3, 2019 19:59

Yn Parys hat in 45-jierrige meiwurker fan ‘e plysje tongersdei fjouwer kollega’s deastutsen. Dat barde om ien oere hinne op it haadburo fan ‘e plysje yn ‘e Frânske haadstêd. De slachtoffers binne trije manlju en in frommeske.

De man, Mickaël K., brûkte in keramysk mes foar syn die. In oare plysje hat him deasketten. K. wurke sûnt 2003 op it plysjeburo. Hy die dêr administratyf wurk. It mes hat er it buro yn slûke. Neffens tsjûgen hie er spul mei syn kollega’s hân. De relaasje mei syn sjef wie neffens ferskate media ek min. Oer it motyf is neat bekend. Wol melde ferskate media dat de man him koartlyn bekeard hat ta de islam. Syn frou is neffens de kranten ek moslim. Hy hie net in strafblêd.

It Frânske parlemint hat tongersdei in minút stilte hâlden om de slachtoffers te betinken.

oktober 3, 2019 19:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.