Frâns Kuipers: Wurdearring basisûnderwiis

oktober 5, 2019 20:01

Kollum

De politike striid is folop oan de gong. De PvdA lit de stipe oan Rutte-III ôfhingje fan mear jild foar it ûnderwiis. In bettere beleaning foar learkrêften is noch lang útiten, safolle is wol dúdlik. FNV-learkrêften binne op ’e nij ree om te staken. CNV-learkrêften (noch?) net. Guon skoallen sitte sa yn ’e knipe, dat se de doarren slute moatte.

Alles hat te krijen mei ûnderwurdearring foar it basis- en it fuortset ûnderwiis. Underwiis wurdt sjoen as in kostepost, mar it is in ynvestearringspost mei 100% rendemint. Febrewaris 2018 staakte it ûnderwiis. Doe giene tûzenen learkrêften massaal nei De Haach om hearre te litten dat de maat fol is. Prachtige wurden en beloften krigen se te hearren. Sa giet it eins altyd. Politisy wolle graach skoare foar de bühne. Publisiteit fersekere!

It liket sa maklik
Elkenien fynt it basisûnderwiis en it fuortset ûnderwiis hiel wichtich foar de ûntwikkeling fan bern. Mar der wurdt net goed trochtocht oer wat it ûnderwiis as basis foar de ûntwikkeling fan jonge bern betsjut.* In basis is itselde as in fûnemint. As jo in hûs bouwe, dan bouwe jo dat it leafst op in goede ûndergrûn en in sterk fûnemint (beton). Sa is it ek by it basis- of fûneminteel ûnderwiis. It wurkjen yn dat ûnderwiis is moai. Ik ken in soad juffen en masters dy’t dat wurk mei nocht en wille dogge. Boartsjende bern binne geweldich. It liket sa maklik, mar it tal bern yn de klassen is enoarm tanommen. It soarte fan bern yn ’e klassen is yn fergelyk mei it ferline ek feroare. De kristlike skoalle op it Surhústerfean hjitte foarhinne It Fundamint. It doetiidske bestjoer en de learkrêften hiene troch dat in goede ûndergrûn fan bern bepalend is foar harren takomst.

Oarsom tinke
Om de swierte fan it wurk fan learkrêften yn in basis- en it fuortset ûnderwiis út te drukken yn de hichte fan it salaris, freget om in ‘tsjin de tried yn doarre te tinken’. Net fan heech nei leech tinke, mar oarsom. De polityk yn De Haach makket út hoefolle jild oft nei it ûnderwiis giet en hoe’t de leanen fêststeld wurde. Oarsomtinke is nedich. De takomst fan Nederlân hat dêr alles mei te krijen. Hawwe politisy dat wol troch? Wis, alles is net mei jild te regeljen, mar in protte wol. Jild stjoert ommers alles! (Foldwaande stof foar in spesjale kollum.)

Swierte is tanommen
It wurk yn it basisûnderwiis is enoarm dreger wurden. Njonken dat juffen en masters alles dogge om de bern foarút te helpen, steane âlden har somtiden foar de noas omdat se it net iens binne mei de beoardieling fan harren bern. Dreech learende (MLK), folle dreger learende bern (ZMLK), mar ek allochtoane bern sitte hjoed-de-dei tusken (saneamde) ‘gewoane’ bern, dy’t út harren sels de learstof wol goed oankinne. De learkrêft moat mei al dy ferskillen rekken hâlde en elk bern de krekte oandacht jaan. Learkrêften wolle en kinne dat wol, mar dan moatte de groepen folle lytser. (Ik lit de enoarme administraasje en regeltsjes efkes bûten beskôging.)

Koartsein: de swierte fan it wurk fan learkrêften yn it basisûnderwiis – en ek yn it fuortset ûnderwiis – moat meiwoegen wurde by it fêststellen fan salarisskalen.

Untwikkeling
Net elk bern kriget by de berte deselde ûntwikkelingsmooglikheden mei. Yntellektuele en geastlike fermogens binne lang net altyd foar elkenien gelyk. Opgroeie yn in ryk, trochsneed of earmoedich miljeu liedt oer it generaal ta grutte ferskillen yn it sosjale en maatskiplike bestean. Dat is wichtich om te witten as bern opgroeie fia puberteit nei folwoeksenheid. Yn it ûnderwiis mei dat gjin inkelde rol spylje. Njonken de opfieding thús hat de skoalle, neist it ûnderwiis jaan, ek in opfiedings en/of foarmingstaak. Soks is ynherint oan ûnderwiis. Alle bern moatte op in lykwichtige wize harren yn it basisûnderwiis ‘ boartsjendewei en learend’ ûntwikkelje kinne (Sieneke Goorhuis yn Alles op zijn tijd). Allinne dán sille bern op in letter stuit – mei minder of sels sûnder ûntwikkelingsproblemen – in goede kar meitsje kinne hoe’t en wat se leare en berikke wolle. Yn myn wurden: bern mei sa’n ûndergrûn sille better by steat wêze harren hert te folgjen en soks wurket in libben lang troch.

Better en Goedkeaper
Om de kwaliteit fan it basisûnderwiis te ferbetterjen soene de heechste salarissen eins nei it fundearjende ûnderwiis gean moatte. In logysk gefolch fan sa’n beslút sil wêze dat der mear wittenskiplik oplate learkrêften kieze foar in baan as learkrêft yn it basisûnderwiis. Ferheging fan kwaliteit. In logysk gefolch dêrfan sil wêze dat oan yndividuele sosjale steuringen earder opmurken wurde en dat de skoalle dat sels begeliede kin. In gefolch dêr wer fan is dat der minder help nedich is fan ynstellingen foar jeugdsoarch, helpferliening, psychologen, psychiaters en gean sa mar troch. Konklúzje: de leanskalen yn it ûnderwiis gewoan omdraaie en dêrnei komt stadichoan alles wer goed. Boppedat, ek noch folle goedkeaper. Basta!

*https://www.itnijs.frl/2017/04/heechste-leanen-foar-basisunderwiis/)

oktober 5, 2019 20:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.