Folgje it livebloch fan Omrop Fryslân oer it boereprotest

oktober 1, 2019 08:19

Mear as trijehûndert trekkers út Fryslân, Grinslân en Drinte binne op dit stuit ûnderweis nei De Haach. Hja hawwe de hiele nacht riden om op ’e tiid op it Maliefjild oan te kommen. Dêr demonstrearje se tiisdeitemiddei tsjin de stikstofplannen en foar in better lânboubelied. Ut it hiele lân komme meldings fan files op ’e dyk.

Hûnderten Fryske boeren sammelen harren moandeitejûn yn Hitsum. Om 22.00 oere giene de boeren earst mei trekkers en auto’s nei It Hearrenfean. Om midsnacht gie it nei Meppel en doe fierder nei Swol. De bedoeling is dat se tiisdeitemoarn om tsien oere yn De Haach oankomme.

Folgje alles oer it boereprotest yn it livebloch fan Omrop Fryslân.

oktober 1, 2019 08:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.