Ferhalen fan ûnferwachte klassikemuzykleafhawwers

oktober 14, 2019 10:13

Yn it telefyzjeprogramma Podium Witteman Hart & Ziel moetet Floris Kortie minsken dy’ net fuortdaliks as stereotype klassikemuzykleafhawwers rekkene wurde. Hja fertelle him harren persoanlike ferhaal by ien fan de stikken út de Hart & Ziel-list fan NPO Radio 4. Oan ’e ein fan it ferhaal nûget Floris de portrettearre minsken út om nei in fertolking fan harren favorite muzykstik te harkjen troch Club Classique. Dat soarget foar oandwaanlike mominten.

Floris Kortie (foto: Lilian van Rooij)

Mei dit programma slút de NTR op NPO 2 oan by de Hert en Siel-list fan NPO Radio 4, de Top 300 fan de klassike muzyk. Dy list bestiet út de 300 favorite wurken fan harkers fan Radio 4.

Moandei 14 oktober
As alvejierrich jonkje kriget kabaretier Nabil Aoulad Ayad (35 jier) in abonnemint op de Efteling. Alle dagen is er dêr nei skoaltiid mei syn freontsjes te finen. Dêr komt er foar it earst yn oanrekken mei klassike muzyk. Foar Nabil betsjut de Dance Macabre fan Saint-Saëns, dy’t spile wurdt yn it Spûkslot, de earste stap nei syn grutte leafde foar klassike muzyk, dy’t der oant hjoed noch hieltyd is.

Toskedokter Iris de By (foto: ©Rob van Dam)

Tiisdei 15 oktober
Toskedokter Iris de By (27 jier) waard al meinaam nei de opera doe’t se in pear moanne âld wie. Leafde foar opera is har mei de brijleppel yngetten en dat is sa bleaun. Yn har toskedokterspraktyk harket se de hiele dei nei opera’s en yn har frije tiid besitet se faak in moaie útfiering. Har favorite opera is La Bohème fan Puccini.

Woansdei 16 oktober
Aktrise en sjongeres Merol (27 jier) spile as bern mei yn de opera Akhnaten fan Philip Glass. Dêr is har leafde foar klassike muzyk en benammen Philip Glass ûntstien. Yn har eigen muzyk spylje selsspot en humor in grutte rol en is minder plak foar emoasje. By it harkjen nei klassike muzyk fielt se dy beheinings net en dat fynt se hearlik.

Walther Brathwaite (foto: NTR)

Tongersdei 17 oktober
Portier Walther Brathwaite (58 jier) moete syn frou Dorothee doe’t er by it Konsertgebou wurke. Harren leafde groeide stadich en floeide tsien jier lyn út yn in prachtige houlikssluting op it grutte poadium fan it Konsertgebou. It muzykstik The lark ascending fan Vaughan Williams spile in grutte rol op dy dei en betsjut oant hjoed noch in hiele protte foar Walther en Dorothee.

Freed 18 oktober
De foarnamme fan Stedsdichter fan Amsterdam Gershwin Bonevacia (26 jier) fynt syn oarsprong by syn pake en beppe op Curaçao. Hja draaiden de muzyk fan George Gershwin alle dagen en hja ferneamden sels harren soan nei de komponist. Gershwin senior hat sels net folle mei de muzyk, hy hâldt mear fan reggae, mar op syn soan is de leafde foar de myzk fan de Amerikaanske komponist wis oerslein.

Utstjoering: moandei 14 o/m freed 18 oktober, fuort nei Nieuwsuur op NPO 2

oktober 14, 2019 10:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.