Filmyske dialooch oer MS

oktober 26, 2019 10:26

Multiple sclerose is in bekende sykte mei in dramatysk ferrin. In slûpmoardner dy’t syn slachtoffers hieltyd mear beheint yn harren bewegings, se net stjerre lit mar twingt ta it opjaan fan hieltyd mear frijheid. In sykte dêr’t men net fan wit wêrom’t men ’m hat en hoe’t men der wat tsjin dwaan kin.

Lineke van den Boezem en Jeroen Geurts (foto: NTR)

Jeroen Geurts, heechlearaar translasjonele neurowittenskippen by it Amsterdam UMC, beweecht him yn de foarhoede fan it MS-ûndersyk. Hy is ambisjeus op it fanatike ôf en hy is hastich. Yn it jier dat er fjirtich wurdt, makket er de balâns op fan wat syn ûndersyk oplevere hat.

Lineke van den Boezem, senarioskriuwer, krige om har fjirtichste hinne de diagnoaze MS en besiket mei de sykte te libjen. Just om’t dokters har net folle te bieden hawwe, siket se sels nei mooglike terapyen dy’t de fuortgong fan de sykte stilsette kinne. Sy is ek hastich, eltse efterútgong is ûnomkearber, mei de progresje fan de sykte sil har wrâld hieltyd lytser wurde.

MS is in film oer twa persoanen, fan wa’t it libben bepaald wurdt troch de sykte MS. De film giet oer twa ferskillende perspektiven. Wat hat de wittenskip it yndividu te bieden? Wat kin in wittenskipper leare fan in pasjint? De hoop op in oplossing is foar beiden, hoe ferskillend ek, fan libbensbelang.

Rezjy: Suzanne Raes
Produksje: Docmakers yn koproduksje mei Ammodo

Utstjoering: Woansdei 27 novimber, 20.20 oere by de NTR op NPO 2.

MS giet in wike earder by it IDFA 2019 yn premjêre.

oktober 26, 2019 10:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.