Ferfolchûndersyk takomst Hegewarren

oktober 11, 2019 19:03

Ferfolchûndersyk moat útwize wat de bêste takomst is foar feanpolder de Hegewarren. Dêrby komme mooglikheden yn byld foar it heljen fan klimaatdoelen, it tsjingean fan boaiemdelgong en in sakjen fan kosten foar wetterbehear. Der binne ek kânsen foar greidefûgels, bioferskaat en toerisme.

In foarûndersyk fan oanbelangjende partijen lit sjen dat stappen nedich binne foar it oplossen fan de feangreideproblematyk yn dy polder. It wetterpeil yn de polder is neffens omlizzend gebiet leech. Dat makket dat natuergebiet De Alde Feanen ferdrûget en it fean oksidearret. Dêr komt CO2 frij. De oksidaasje fan it fean soarget derfoar dat de boaiem sakket, wêrtroch’t it wetterbehear fan de polder hieltyd mear ynvestearrings freget.
In oare ynrjochting fan it gebiet kin in oplossing biede foar de brede problematyk. Op haadlinen binne der trije takomstsenario’s foar de polder, dy’t har ûnderskiede troch it wetterpeil: hjoeddeistich peil, heger peil of it opheinen fan wetter. In kombinaasje fan seneario’s kin ek.
It Kolleezje fan DS stelt ferfolchûndersyk foar. Dat moat útwize wat te heljen is. Ek moat dúdlik wurde wat de kosten binne en hoe’t de finansiering der útsjen kin.

Takom jier jouwe de partijen dêr ynfolling oan yn de mande mei de omkriten. Dêrnei moat dúdlik wêze hoe’t it gebiet derút komt te sjen. Dat is benammen wichtich foar de feehâlders yn it gebiet om’t it foar harren net yn elk takomstsenario mooglik is om mei harren bedriuw troch te gean.
De Hegewarren is in feanpolder súdlik fan Nasjonaal Park de Alde Feanen. De polder is omsletten troch wetter, natuer en rekreaasjegebieten.
DS lizze de opsjes foar ferfolchûndersyk foar oan de Steaten dy’t op 27 novimber oer dy ûnderwerpen besluten nimme sille.

 

 

oktober 11, 2019 19:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.