Feie Fonyk: Lit de grutte fisken de lytse net opite

oktober 10, 2019 22:18

Kollum

Foar de tredde kear waard der op woansdei 9 oktober in Fryslândei yn Brussel holden. Kommissaris fan de Kening Arno Brok prate al fan in tradysje. De dei wie neffens him dizze kear bedoeld “om talen libje te litten en it ferskaat oan talen te fieren”.

Der wiene in lytse hûndert minsken op dizze reinige moarn yn ’De Waranda’, in moai kongressintrum dat rinnendewei op in lyts kertier fan stasjon Brussel Centraal leit. Friezen fan it provinsjaal bestoer, ek fertsjintwurdigers út oare minderheidsgebieten lyk as Wales, Andorra, de Far Oer en Katajoanië. No is de taal fan Kataloanië net te ferlykjen mei it Sealterfrysk. Brok: “Dy lêste taal hat it Guiness book of records helle. It is de lytste taal mei noch sa’ n tûzen sprekkers.“ It skynt dat it Monagaskysk noch minder hat: sa’n trijehûndert.

Dan stiet it Frysk der better foar. Goffe Jensma, heechleraar Frysk yn Grins, kaam mei it getal fan 54% dat it Frysk as earste taal hat . Sa’n 35% it Nederlânsk en dan bliuwt der 11% oer foar oare talen. Dat binne benammen talen fan ymmigranten. De befolkingsgroei yn Fryslân komt ek allinne fan dy nije groep, de nije Friezen. Der binne minsken by dy’t har it Frysk eigen makke hawwe.

Jensma kaam mei oare nijsgjirrige sifers. Studinten fan him hawwe neigien hoefolle famylje-advertinsjes fan berte, ferstjerren en houlik yn it Frysk binne. Dat blykt om krap 70% te gean. Oan de beide provinsjale kranten hat ús taal net in soad. It giet by de LC om 3,15% en by it FD om 2,2% fan de ynhâld.

Joanne Duarte fan NHL Stenden kaam mei in ynspirearjend ferhaal oer meartaligens by bern, bygelyks by har eigen jonkje. Se liet sjen hoe’t skoalle De Flambou yn Easterbierrum bern dy’t it Poalsk of Arabysk as earste taal hawwe, wat sizze meie yn harren eigen taal, om sa sjen te litten datst alle talen brûke kinst om mei-inoar yn kontakt te kommen.

Talen binne net lykweardich

Binne alle talen lykweardich? Ik wit eins net oft dat eksplisyt oan ’e oarder kaam by de bydrage fan Duarte, mar ik bin fan betinken dat soks perfoarst net it gefal is. De iene taal hat gruttere kommunikative wearde as de oare. It wie net om ’e nocht dat Jensma op ien fan syn slides stean hie: “Don’t let de big fish eat the smaller ones“. Duarte hie in printsje dêr’t in lytse Fryske fisk opfretten wurdt troch in gruttere Nederlânske en dyselde wer troch in gruttere Ingelske fisk.

Ek mei alle goede bedoelingen en it entûsjaste pleit fan frou Sietske Poepjes foar ûnderwiis en Fryske literatuer, sil it net tafalle om in it meartalige geweld fan no it Frysk in folweardich plak yn it ûnderwiis te jaan. En dat soe al moatte.

Sa hat de side Curriculum.Nu, oer de fernijing fan it Nederlânske ûnderwiis neat oer it Frysk. Sels by it ûnderwerp meartaligens wurdt it Frysk net neamd. De provinsje is dwaande mei in eigen learplan Frysk: kurrikulum.frl. Dat projekt leit sûnt 1 april stil yn ferbân mei de regeljouwing oangeande oanbesteging.

 

oktober 10, 2019 22:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.