‘Escher op reis’ hellet 2e plak by Museumtijdschrift-útstallingspriis 2019

oktober 21, 2019 08:59

De útstalling Escher op reis fan it Frysk Museum is twad wurden yn ’e striid om de Museumtijdschrift- útstallingspriis 2019. Dat waard freed bekendmakket yn it Keunstmuseum De Haach. It Drintsk Museum wist de measte stimmen yn ’e wacht te slepen mei Iran, Bakermat van de beschaving en wûn dêrmei in jildbedrach fan € 10.000. Op it tredde plak einige Stêdlik Museum Amsterdam mei Studio Drift: Coded Nature. Mear as 16.000 museumleafhawwers brochten in stim út op harren favorite útstalling fan it ôfrûne seizoen.

Foto: Ruben van Vliet

Ut de motivaasje om op Escher op reis te stimmen, blykt neffens Museumtijdschrift dat de besikers de ‘de útstalling wurdearren as in prachtige reis by fantasij en wittenskip lâns, dy’t mei de klam op Eschers berte yn Ljouwert in bydrage levere oan it selsbewustwêzen fan de Friezen’. De útstalling luts ferline jier 256.450 besikers nei Ljouwert. Dêrmei wie it de bêste besite útstalling ea foar it Frysk Museum.

Museumtijdschriftútstallingspriis
De Museumtijdschriftútstallingspriis is in jierlikse publyksferkiezing foar de bêste útstalling fan it kulturele jier. De priis is yn 2018 lansearre ta gelegenheid fan it tritichjierrich jubileum fan Museumtijdschrift, it grutste keunsttydskrift fan Nederlân. Yn ’e beneaming kamen útstallings dy’t yn de perioade augustus 2018 o/m july 2019 te sjen wiene yn in Nederlânsk museum. In faksjuery stelde in top tsien gear en dêrnei koe it publyk op de favoryt stimme. Oare nominearre musea wiene Teylers Museum, Museum Valkhof, Sintraal Museum, Museum Boijmans van Beuningen, Keunstmuseum De Haach, Van Gogh Museum en Museum de Pont. De ferkiezing is in gearwurking fan Museumtijdschrift, it Prins Bernhard Kultuerfûns en de Frije Akademy.

oktober 21, 2019 08:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.