Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (89)

oktober 26, 2019 07:00 Fernijd

https://www.statenvertaling.net

It Lêste Jûnsmiel

As wy mei-inoar ite, nim Ik in brea, sprek de seine út, brek it brea, jou it har en sprek de wurden:
“Nim en yt, dit is myn lea.”
En Ik nim in beker, sprek de tanksizzing út, jou har de beker en sy drinke der allegearre út. En Ik sis tsjin har:
“Dit is it bloed fan myn ferbûn, it nije ferbûn mei God, dat foar in protte minsken fergetten wurdt. Ik sil net mear fan ‘e frucht fan ’e wynstôk drinke ear’t Ik dêr op ’e nij fan drinke sil yn it keninkryk fan God. Doch dit as oantinken oan My en as teken fan ’e komst fan it keninkryk fan God:

  • waskje inoar de fuotten
  • brek it brea
  • drink de wyn

In nij gebod jou Ik jim mei, dat jimme faninoar hâlde sa’t Ik fan jim holden haw. Dêrtroch sil elkenien witte dat jim learlingen fan My binne: as jim blyk jouwe fan leafde foarinoar.”

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
oktober 26, 2019 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.