Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (88)

oktober 19, 2019 07:00

De foarsizzing fan it grutte ferrie

boarne: www.statenvertaling.net

“Ien dy’t myn brea yt, wol My fertraapje. Ik sis it earder as dat it barre sil. As it safier is, sille jim oan myn foarsizzing weromtinke en it fertrouwen yn My bewarje.”
Ik bin efkes tige oandien en dan ferfetsje Ik:
“It stiet fêst. Ien fan jim sil My ferriede.”
Dat sizzen taast de freonen yn it moed en se sjogge inoar oan. Elk fan harren freget:
“Wa is it? Wa is it? Ik dochs net, Hear?”
De freon dêr’t Ik it meast fan hâld, leit njonken My op ’e oanlisbank. Petrus jout him in wink om him oan te trúnjen. Dêrop freget Johannes My:
“Hear, wa is it?”
Ik antwurdzje:
“Dy is it, dêr’t Ik it brea mei brek.”
Ik sis tsjin Judas:
“Doch watst dwaan moatst. Doch it fluch.”
En Ik jou him in stikje brea, mar de freonen tinke dat it om in opdracht giet, mei’t Judas it jild yn kas hat, dat se snappe de oanwizing net. Judas nimt it stikje brea en giet daalks fuort. It is nacht.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
oktober 19, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.