Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (87)

oktober 5, 2019 08:04

It fuotwaskjen

Boarne: https://www.statenvertaling.net/kunst/

Under it miel gean Ik stean en ik wit foarfêst dat de Heit My alles yn hannen jûn hat en dat Ik fan God útgien bin en dat Ik nei God weromgean. Ik doch it boppekleed út, krij in linnen doek beet en slaan dy om My hinne. Dêrnei jit Ik wetter yn in tobbe en Ik begjin de fuotten fan ’e tolve freonen te waskjen en ôf te drûgjen mei de linnen doek dy’t Ik om My hinne slein haw.
As Ik by Petrus bin, seit dy tsjin My:
“Wolle Jo my de fuotten waskje?”
Ik sis:
“Wat Ik doch, begrypst no noch net, mar letter silst it begripe.”
“Jo sille my de fuotten net waskje, noait net.”
Ik lis út:
“As Ik dy net waskje, nimsto net oan My diel.”
Dan seit Petrus:
“Hear, dan net allinne de fuotten, mar ek de hannen en de holle!”
Dêrop sis Ik:
“Mjitte hâlde, Petrus. Wa’t in bad hân hat, hoecht him allinne de fuotten waskje te litten, want fierder is er al skjin en suver. En jim binne suver, mar net allegear.”
Ik wit dat ien fan ’e tolve My ferriede sil.

As Ik har allegear de fuotten wosken haw, myn boppekleed wer oandien en wer oan tafel plak nommen haw, sis Ik tsjin har:
“Hawwe jim yn ’e rekken wat Ik dien haw? Jim neame My Master en Hear en jim sizze dat goed, want dat bin Ik. As Ik, jim Master en Hear, jim de fuotten waskje, hearre jim ek inoar de fuotten te waskjen.

Ik haw jim it goede foarbyld jûn. Dêrom sis Ik jim: in apostel dy’t útstjoerd wurdt, stiet net boppe wa’t him stjoert. It moat de learling genôch wêze dat er krekt sa docht as syn master. As jim dat troch hawwe en yn ‘e praktyk bringe, binne jim seinige. Wa’t ûntfangt wa’t Ik stjoer, ûntfangt My en wa’t My ûntfangt, ûntfangt God, dy’t My stjoerd hat.”

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
oktober 5, 2019 08:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.