Embrace Nederlân selektearre foar ûndersyk nei keunst yn de soarch

oktober 17, 2019 09:23

It programma ‘Muzyk en Demintens’ fan Embrace Nederlân is ien fan de fyftjin keunstinisjativen dy’t selektearre binne foar in breed lanlik ûndersyk nei de ynfloed fan keunst en kultuer yn de langduorjende soarch. Doel fan it ûndersyk is it leverjen fan hânfetten om keunstinisjativen dy’t sûnens en wolwêzen fan kwetsbere âlderen befoarderje, te ferduorsumjen. Inisjatyfnimmers binne Stifting RCOAK, Fûns Sluyterman van Loo en ZonMw.

Foto: © EMBRACE Nederlân | Fotograaf Bob de Boer

Margot Hoiting, direkteur fan Embrace Nederlân, is bliid mei it ûndersyk en de bydrage fan de neamde fûnsen. “Wy binne allegear oertsjûge fan de wearde fan keunst yn de soarchpraktyk, mar de kennis dêroer is fersnippere. It dielen fan kennis is tige wichtich om keunst, en dus ek muzyk, yn de soarch in fêst plak te jaan. Dat is krekt dêr’t Embrace Nederlân foar stiet en altyd nei stribbet.”

Oer Embrace Nederlân & Muzyk en Demintens
Embrace Nederlân is in praktysk kennis- en ekspertizesintrum foar de ynset fan muzyk yn de soarch foar kwetsbere minsken en harren begelieders. Embrace Nederlân ûntwikkelet programma’s foar ûnder mear de âldereinsoarch, de soarch foar minsken mei in foarm fan demintens, de thússoarch, de palliative soarch en de beheindesoarch. It súksesfolle programma Muzyk en Demintens bestiet út in searje wurkateliers op basis fan muzikale ymprovisaasje, dy’t it wolwêzen fan de minsken mei in foarm fan demintens befoarderet. In spesjaal treningspgrogramma foar soarchmeiwurkers en mantelsoargers, dat hânfetten biedt om muzyk yn te bêdzjen yn de deistige soarchpraktyk, is in fêst ûnderdiel fan it programma. Stifting Embrace Nederlân is yn it besit fan de ANBI-status.

oktober 17, 2019 09:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.