Elmo Vermijs wint Vredeman de Vriespriis foar Foarmjouwing 2019

oktober 9, 2019 09:02

Elmo Vermijs fan Studio Elmo Vermijs wint de provinsjale designpriis mei it ûntwerp ‘Gegrond’. In projekt oer de Skylger polder yn opdracht fan it Oerol Festival en Fûgelbeskerming Nederlân. Deputearre Sietske Poepjes rikte freed 4 oktober de priis fan € 5.000 út. Louise Cohen krige in earfolle fermelding fan de advyskommisje foar it ûntwerp ‘Upcycle Collection’, in gearwurking mei Recycle Boulevard Omrin. De ynstjoerster krijt dêr € 500 foar.

Foto: Provinsje Fryslân

‘Gegrond’ is de titel foar twa wurken, ‘Geluidsspiegel’ en ‘Perspectief’, oer de Skylger polder mei it Oerol Festival yn 2018. Elmo Vermijs ûndersocht mei de greidefûgel as graadmjitter it wolwêzen fan it iuwenâlde kultuerlânskip dat ûnder druk stiet. It resultearre yn in lûdspegel en de útstalling foar 7.500 besikers. Dêrby stie de fraach sintraal: wat is de takomst fan de Skylger polder en syn brûkers?

It priket de sinnen
De advyskommisje kende de priis ta oan Elmo Vermijs om’t er yn dit wurk mei mear as ien laach suver alle fasetten fan it polderlibben gearfoege hat ta in learsume, komplekse en in ûnderfining dy’t de sinnen priket. Troch ferskate sintúglike waarnimmings wurde besikers meinommen op in reis nei ferskillende ferhalen. “Wat in ûntdekking en belibbing kin dat west ha foar de Oerol Festivalgonger”, sa seit it rapport fan de advyskommisje.

De advyskommisje bestie dit jier út Frederiek Bennema, Anne van der Zwaag, Hugo Engwerda, Peter Joore en Lambert Kamps.

Publykspriis
It ûntwerp ‘Streken’ wûn de Ljouwerter Krantepublykspriis. Marc van Vliet krige de priis foar in hûnderd meter lange houten stegerkonstruksje dy’t yn 2015 op Oerol te sjen wie. Dat tijkeunstwurk moat aansen in part foarmje fan Sense of Place.

Mei de Vredeman de Vriespriis foar Foarmjouwing wol de provinsje in ympuls jaan oan de belangstelling foar foarmjouwing yn Fryslân. Mear ynformaasje en byldmateriaal fan de winner en de oaren dy’t nominearre waarden binne te finen op: www.vormgevingsprijs.frl.

oktober 9, 2019 09:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.