Ekstreme spanning by ‘Ghost Stories’ yn MartiniPlaza

oktober 31, 2019 08:54

Op freed 29 novimber wurdt de West End-hit Ghost Stories opfierd yn MartiniPlaza Teater. In tachtich minuten duorjende achtbaan fan spannende en yslike mominten dy’t wrâldwiid al troch goed 500.000 besikers sjoen waard.

Ofbylding: MartiniPlaza

It wrâldwide fenomeen yn Nederlân
Ghost Stories gie yn 2010 yn Liverpool Playhouse yn premjêre en spile dêrnei in jier yn it Lyric Hammersmith Theatre en it Duke of York Theatre op West End yn Londen. Yn 2014 wie de foarstelling foar in jier werom yn it Arts Theatre. Ghost Stories wie ek te sjen yn it ferneamde Sydney Opera House en yn België. Yn april 2018 ferskynde de filmferzje fan de súksesproduksje yn de bioskopen. De foarstelling, skreaun troch Jeremy Dyseon (The League of Gentlemen) en Andy Nyman, is no einliks te sjen yn Nederlân.

It ferhaal
Dr. Kuiper, in prefester yn parapsychology, jout in lêzing oer spûkferhalen. Trije fan de troch him sammele ferhalen binne him yn it bysûnder bybleaun: dat fan in nachtwacht, in jonge bestjoerder en in sakeman dy’t syn earste bern ferwachtet. Hawwe dy trije ûnferklearbere ûnderfinings wat mei-inoar te krijen?

Warskôging: Ghost Stories befettet mominten fan ekstreme spanning en yslike mominten. Boppenatuerlike ferhalen komme oan bod mei de meast ûnferwachte barrens. Hast ûnmooglike situaasjes dy’t jin de skrik fan jins libben besoargje. Of kinne dy ûnmooglike situaasjes dochs hiel goed tinkber wêze…?

Mear ynformaasje op de webside fan MartiniPlaza.

Ghost Stories foarfilmke op YouTube.

oktober 31, 2019 08:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.