‘De taal’ is foar Omrop Fryslân no it Nederlânsk

oktober 10, 2019 08:07

Yn 2021 wurdt ynboargering in taak fan gemeenten. No docht de Ryksoerheid dat noch, mar dat giet net goed genôch. Dat jout kânsen om flechtlingen ek diel te meitsjen fan ‘e Fryske mienskip en harren it Frysk leare te litten. No leare hja inkeld Nederlânsk, wylst guon dêr oer kleie. De Somalyske flechtlingen yn Ferwert dy’t leaver op Fryske as op Nederlânske les woene, hellen in pear jier lyn sels it tydskrift De groene Amsterdammer.

Omrop Fryslân skriuwt op syn webstee: “De gemeenten moatte derfoar soargje dat nijkommers sa gau mooglik de taal leare.” Dat is in bytsje nuver, want wat is ‘de taal’ yn it twatalige Fryslân? Yn itselde stik sitearret Omrop Fryslân in Syryske flechtlinge, dy’t seit: “Ik sprak de taal niet.” Dan docht bliken dat de Omrop mei ‘de taal’ it Nederlânsk bedoelt.

Minsken dy’t yn it Nederlânsk prate, wurde op it webstee fan Omrop Fryslân yn dy taal sitearre, ek op de Fryske ferzje fan it webstee. Op ‘e Nederlânske ferzje wurde Frysktaligen lykwols net yn harren eigen taal oanhelle, mar yn Nederlânske oersetting. It Nederlânsk is dêrtroch wichtiger wurden as it Frysk op it webstee fan ‘e Fryske omrop.

It artikel fan Omrop Fryslân is hjir te finen: link.

TAFOEGE OM 8.39 OERE:
Yn in nijsberjocht fan 19 maaie hat Omrop Fryslân it ek oer “in jonge Fryske vlogger” dy’t “de taal” leare wol. Dat blykt ek Nederlânsk te wêzen. Link.

oktober 10, 2019 08:07
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Johannes Rozenga oktober 13, 12:19

    Ik hoopje dat it Frysk by de nije haadredakteur Ingrid Spijkers wêr de boppetoan fierd.

  2. mbc84 oktober 15, 12:53

    It wie my al opfallen, de lêste tiden. Guon artikels binne suver foar mear as de helte Hollânsk, om’t it sitaat nei sitaat is. Ik wol it yn it Frysk lêze blinder! Wat donderet it no dat sa’nien it yn it Hollânsk sein hat? At er it yn it Ingelsk sein hie, wurdt it dan ek mar sa litten?
    Hawar, dat minsken it Omrop Fytsbân neame is net om ‘e nocht. Persoanlik fûn ik it skande dat de omrop net opheft wurden is, soe it beslist net misse. It binne goed doogjende oksen dy’t mar o sa om in oar tinke wolle en dêrmei harrensels folslein fuortsiferje. Mei sokken rêdt ús Frysk it nea.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.