De oplossing leit yn de regio

oktober 20, 2019 17:38

Skôging

troch Wopke Veenstra en Sijbe Knol

Stikstof-maatregels setten fan ‘e simmer al ferskate bouprojekten op slot, en troch lulke boeren komme stêden en wegen no ek ta stilstân. De oarsaak is bekend: Haachske wetjouwing en de útspraken fan de Ried fan Steat. De Rânestêd skriuwt út in eigen werklikheid wei de rest fan it lân foar hoe’t it moat.

Oktober 2019 sil de skiednisboeken yngean as de moanne dat de regio’s yn opstân kamen. In omkear yn tinken, dêr’t provinsjes rjocht diene oan wat der werklik libbet ûnder de minsken. Ommers, neidat Fryslân syn hantekening ûnder in IPO-diktaat ferline wike freed weromluts, folgen op moandei Drinte, Gelderlân en Oerisel.

Dat it Fryske kolleezje harket nei lûden yn de mienskip is neffens ús de normale gong fan saken. En dat foarmet, spitich genôch, in skerp kontrast mei it hanneljen fan it hjoeddeistige regear. Lit ús daliks dúdlik wêze: in oare oanpak is nedich. In Fryske oanpak.

Wy begripe de argewaasje by de boeren, wy begripe dat sy har dupearre fiele. En wy binne ek wiis mei it beslút fan it kolleezje om freed dit spul werom te draaien. En wy sjogge dat dizze revolúsje yn it tinken yn Fryslân begûn!

Mar wy binne der noch net. Sterker noch, wy binne net in stap fierder. Oare sektoaren hawwe ek bot te lijen fan it gebrek oan bestjoerlike krêft en de ellinde út De Haach wei. De FNP is ferline wike benei kommen troch in ferskaat oan ûndernimmers út de bou. Guon ha al skea, oprinnend yn de tonnen. Dan is der ek noch in groep boeren dy’t al tiden wachtsje op in fergunning. Dy minsken ha ek bot te lijen en sitte yn ûnwissens.

In eigen oanpak foar de stikstofproblematyk hâldt net allinnich yn dat wy mei draachflak en mei-inoar ta oplossingen komme, mar ek troch solidêr te wêzen mei oare sektoaren as de agraryske. Wy begripe dat in part fan de boeren har foarige wike op it provinsjehûs meld ha. Troch de deputearre is in moedich beslút nommen troch yn oerlis te gean. Lykwols, der sille maatregels komme moatte. Maatregels dy’t troch in gebrek oan bestjoerlike krêft yn De Haach elkenien sear dwaan sille, en de tiid driuwt.

Minister Schouten sei no moandei dat ‘de provincies zelf mogen weten welke vergunningen zij uitgegeven.’ En freed joech vice-premier Hugo de Jonge yn it wykliks parsepraatsje oan dat der argewaasje wie en dat de regearing ‘de provincies aan de afspraken zal houden.’ Twa útspraken út ien kabinet dy’t beide wat oars sizze. Dan is it net sa nuver dat der rûs ûntstiet.

Koartsein hawwe wy no in grut probleem, trochdat De Haach der te lang mei omdangele hat. Je soene de ferantwurdlike partijen, de partijen yn De Haach, de fertsjintwurdigers fan de ferskate sektoaren hast yn in keamer opslute mei fiif bôlen en tsien liter wetter en se der krekt salang sitte litte oant se derút binne.

It soe de partijen yn De Haach siere om fuortendaliks op te hâlden mei al it populistyske praat en ferhurde stânpunten en kom der mei-inoar út. Want in feit is dat alles stil stiet. De Rânestêd diktearret, sprekt inoar tsjin en kreëaret gaos, nimt gjin ferantwurdlikens en de regio mei it oprêde.

Minister fan Steat Tjeenk Willink hie ferline jier in treffende analyze. Hy sei: ‘Door het ontbreken van debat grijpt de politiek vaak te laat in. Daardoor voelen burgers zich overvallen.’ ‘Er worden drastische maatregelen opgelegd, en van burgers wordt verwacht dat ze begrijpen dat die nodig zijn. Hoezo? De essentie van politiek is ook dat je ontwikkelingen tijdig signaleert. Politiek heeft de plicht vooruit te denken en burgers te betrekken bij hun besluiten. Dat is niet gebeurd. Kijk naar de discussie over klimaatverandering. Politici wachten tot de klimaattafels met plannen komen en legitimeren die achteraf politiek.’

As wichtige ûnderwerpen, lykas de stikstof-problematyk, mei in ticht-timmere regearings-ôfspraak troch in lyts klupke minsken dikteare wurde en der gjin publyk debat of oerlis is mei de minsken dy’t dermei te dwaan hawwe, is dat de basis foar tanimmende ûnfrede yn de regio.

Foar ús is dúdlik dat dizze oktobermoanne ús opropt om in oare oanpak te kiezen. Dat wy it mei-inoar dwaan moatte. Solidêr, mei draachflak komme ta oplossingen. De Fryske oanpak.

Net lykas út it IPO en de minister wei tekenje by it krúske, mar mei-inoar yn petear, mei-inoar de ferantwurdlikens pakke en mei-inoar skikke. Harkje nei inoars ynbring en belangen en net byinoar lâns prate. Fertrouwen en lykweardigens binne dêr wichtich yn.

Wy binne bliid dat dizze omkear yn it tinken hjir yn Fryslân foarige wike yn gong set is. Jou ús de romte, wy pakke ús libben op eigen wize oan, sûnder diktaten, mar mei-inoar.

Wopke Veenstra en Sijbe Knol binne Steatelid fan de FNP. Veenstra is wurdfierder Lânbou en Knol is wurdfierder Leefberens, wenjen en romte

 

oktober 20, 2019 17:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.