De iene foarstanner fan de Blokkearfriezen is de oare net
Resint ferskynd
Oer de aksje fan 2 jier lyn om in demonstraasje tsjin Swarte Pyt op te kearen, wurdt noch hieltyd in protte redendield, mei om’t it heger berop op it stuit tsjinnet. By it gerjochtshôf yn Ljouwert (dat 31 oktober útspraak dwaan sil) demonstrearren ferline wike foar- en tsjinstanners fan de Blokkearfriezen. De Fryske Flogger tante in espeltsje foarstanners en ûntduts dat yn dy fermiddens likegoed noch in breed ferskaat oan mieningen en driuwfearen libbet. Yn it bysûnder âldsjoernalist Kerst Huisman, dy’t rûnom pleitet foar frijspraak fan benammen ûndersteld oanhyster Jenny Douwes, kriget yn it filmke hjirûnder royaal de kâns syn persoanlike aksje ta te ljochtsjen.
Raar toch….? As de plysje it selde docht …..mei it blykber wol!!
Bêste Doeke,
Wis hat de filefûke yn it learboek foar plysjes stien. Mar nei it ûngelok mei deadlike ôfrin – om benzinedieven te fangen – is dy ek út dat learboek helle.
Wol ik freegje my ôf hoe’t mei al dy boeren moat dy’t mei in snelheid fan maksimaal 40 oer de snelwei riden. As al dy boeren 240 oeren wurkstraf krije, steane de kij te balten. En in boete wurdt wol troch oaren betelle, dus soks helpt net. Dy organisaasjes hawwe ommers jild genôch.
Cor en Doeke, alles goed en wol. Mar de film giet foar in grut part oer myn kuiertochten mei sandwichbuord en kaartsjes mei myn eask foar justysje: frijspraak foar Jenny Douwers en de Blokkearfriezen. Jimme hoege neat oer my te sizzen of myn ynset, mar ik wol wol graach witte wat jimme fan myn eask fan frijspraak fine. Binne jimme it dêr mei iens? Lit it hearre.
Foar allegearre hie in boete genôch west!
En Doeke?