De bêste iepenbierferfierstêden fan Nederlân

oktober 27, 2019 09:02

Eat dat wy as toerist, mar ek yn ús deistich libben allegear wol brûke is it iepenbier ferfier. Foar de ien is dat alle dagen om nei it wurk te gean. Foar de oar is dat om op fakânsje de moaiste plakken yn in stêd te ûntdekken. It helpt ús yn alle gefal om ús fan A nei B te ferpleatsen, foaral as it reinwetter mei bakken út de himel komt. De effinsjinsje fan it iepenbierferfiernetwurk ferskilt fan stêd ta stêd. Holidu, sykmasine foar fakânsjehuzen, hat mei help fan Google-data útsocht hokker stêden yn Nederlân it effisjintste iepenbierferfiernetwurk hawwe om yn it sintrum te kommen.

1) Apeldoorn, Gelderlân – skoare: 10
De grutte winner fan it ûndersyk is Apeldoarn. En dat mei ek wol mei 1169 km oan iepenbierferfierrûtes en 444 haltes. Mei in trochsneed faasje fan acht minuten en trettjin sekonden de kilometer sjeest men sa nei it stedssintrum. Men rint dêr it minst fan de folsleine rûte, dat men wurdt praktysk foar de doar ôfset. Fan 2020 ôf sil dêr in protte feroarje, want de elektryske bussen binne yn opkomst. Om Apeldoarn in dei te ûntdekken betellet men foar in deikaart € 11,50.

2) Rotterdam, Súd-Hollân – skoare: 9,65
Op plak twa stiet Rotterdam dêr’t de ferbinings sa goed yninoar sitte dat men yn trochsneed acht minuten en njoggentjin sekonden nedich hat om nei it sintrum te kommen. Fan de folsleine rit rint men yn trochsneed 18%. Dêr binne wat mear mooglikheden mei de bus, de tram (225 km oan tramrûtes) en de metro (208 km oan metrorûtes). Yn 2014 waard it fernijde sintraal stasjon fan Rotterdam iepene, in yndrukwekkend modern gebou dêr’t de details moai úttocht binne. Mei in deikaart fan € 8,- kin men dêr de yndrukwekkende 1805 km oan iepenbierferfierrûtes allegear ûntdekke.

3) Saandam, Noard-Hollân – skoare: 9,38
Saandam komt op in ferrassend tredde plak. Saandam blykt heech te skoaren, trochdat men in superflugge ferbining hat om nei it stedssintrum te kommen fan de stedsrânen ôf. Mei in trochsneed fan acht minuten en fjirtich sekonden de km is men nammentlik op de bestimming. Safolle mooglikheden binne der no ek wer net, mei 161 haltes en 195 km oan buslinen, mar fluch giet it wol. As men mei de trein nei Saandam komt, is men mei in pear stappen yn it winkelsintrum.

Op de nûmers 4 oant en mei 10 stean de neikommende plakken: 4) Zoetermeer, Súd-Hollân – skoare: 9,34, 5) Ynskedee, Oerisel – skoare: 9,29, 6) De Haach, Súd-Hollân – skoare: 9,25, 7) Grins, Grinslân – skoare: 9,15, 8) Heerlen, Limburch – skoare: 8,94, 9) Amsterdam, Noard-Hollân – skoare: 8,93, 10) ’s-Hertogenbosch, Noard-Brabân – skoare: 8,88.

Ljouwert stiet op plak nûmer 20 mei in skoare fan 9,33. Besjoch de folsleine list.

oktober 27, 2019 09:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.