Coole Kidsnacht yn Fryslân

oktober 18, 2019 09:28

Nei in súksesfolle earste edysje is der op freed 25 oktober in nije Coole Kidsnacht yn Fryslân. Op syn minst tweintich musea bliuwe dy deis nei slutingstiid iepen foar bern yn de basisskoalleâldens. Alden, paken, beppen en begelieders binne ek wolkom. Fan 17.00 oant 21.00 oere binne der ferskate learsume en spannende aktiviteiten te belibjen.

“Yn it earste jier diene fyftjin ynstellings oan Coole Kidsnacht mei, foar dit jier binne dat der al tweintich. En miskien wurde dat der noch mear”, seit Lisette Zwerver fan Museumfederaasje Fryslân.

Ofbylding: Museumfederaasje Fryslân

Yn de hiele provinsje
Fan Dokkum oant Wolvegea en fan Koarnwertersân oant De Gordyk, ferspraat oer de hiele provinsje kinne bern de Coole Kidsnacht meimeitsje. Oars as ferline jier docht der no ek in argeologysk stipepunt mei (Aerden Plaats yn Aldebiltsyl) en hat Skiermûntseach in ‘coole’ nacht foar de boech.

Grut súkses
De earste edysje fan de Coole Kidsnacht wie in grut súkses, neffens Lisette. “Bern en âlden hiene in protte wille, der wie in protte reuring op sosjale media en hast alle ynstellings oppenearren hast fuortdaliks in twadde edysje.”

Musea kinne spannend wêze
De Coole Kidsnacht is in inisjatyf fan it Frysk Edukatyf Platfoarm (FEP) en Museumfederaasje Fryslân. “Doel is om bern op in oansprekkende wize yn ’e kunde komme te litten mei Fryske kulturele erfgoedynstellings en se ûnderfine te litten dat in museum útsein leuk en learsum ek spannend wêze kin.”

In oersjoch fan alle dielnimmende ynstellings en harren aktiviteiten stiet op www.museum.frl.

oktober 18, 2019 09:28
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Abe oktober 20, 22:52

    Coole Kidsnacht. Wêr binne mbc84 (syn leeftyd) en Aant ast se noadich hast?

  2. mbc84 oktober 22, 14:21

    Hoesa? Coole Kidsnacht, heel Frysk… Wêrom en hoe soe ik hjir oan bydrage moatte?
    Syn leeftyd? Syn leeftyd wat? Hat dat überhaupt wat te krijen hjirmei?
    Aardich inisjatyf oars, mar FEP en de Museumfederaasje Fryslân soenen harren earst mar ris warber meitsje moatte foar it Frysk ýn dy musea. Der is gjin spoar fan te finen, lykas altiten. Hasto dat wol yn ‘e gaten of moatst allinnich mar wer efkes ‘doge’ troch my en Aant te neamen as wienen dy allinnich mar roppers en razers.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.