Carien Kleibeuker giet moai troch

oktober 14, 2019 23:41

Carien Kleibeuker stiet dit wykein ‘gewoan’ wer op de startlist fan de earste maratonwedstriid fan it seizoen. Ferline jier joech de 41-jierrige ynwenster fan it Hearrenfean oan dat it echt klear wie, mar se kin it dochs net litte. “Ik vind het veel te leuk.”

Kleibeuker is op it stuit yn Inzell. Dêr riede de measte reedriders harren ta op it nije seizoen. Sa ek Team EasyJet. “Het is niet zo dat ik een contract heb met EasyJet, dus ik kan gaan en staan waar ik wil”, seit Kleibeuker. “Maar ik vind het zo leuk, dat ik toch weer wilde kijken waar ik sta.”

Se naam harsels foar om te sjen hoe goed oft se ride soe. Op de 3000 meter ûnder de 4.10 minuten soe reden wêze om fierder te sjen wat der yn it fet sit. “En ik reed 4.06. Dus tja, toen dacht ik, laat ik maar eens verder onderzoeken wat er in zit. Ik denk dat ik tijdens de marathon nog wel van waarde kan zijn”, fertelt de reedrydster.

Ferwachtsje net te folle fan Kleibeuker, sa seit se. “Het zou wel gênant zijn als ik met zo weinig training mee kan met de besten. Ik ga Esmee Visser er niet eventjes zo afrijden natuurlijk.” Dochs wol se begjin novimber meidwaan oan it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai. Mar wêrom? “Ja, dat weet ik eigenlijk ook niet precies. Toch om te kijken wat er mogelijk is. En wat ik nog kan. En hoe ver ik kan komen.”

Mar it doel leit neffens har dochs foaral op de maraton dit seizoen. “Daar wil ik nog eens echt winnen. Het maakt mij eigenlijk niks uit wat.” Kleibeuker wûn bruns op de Spelen fan 2014 en sulver op it WK ôfstannen yn 2016, mar neffens har kin der noch wol in oerwinning by by de maraton. “Ik sprint er nu niet ineens een paar toppers af, maar kan misschien nog wel eens voor een verrassing zorgen.”

Net tefolle ferwachtsje

Yn har deistich libben wurket Kleibeuker by Jamzone. In start-up bedriuw yn Ljouwert dat ûndersiket wat foar produkten of tsjinsten helpe kinne by it ferbetterjen fan dyn geastlike sûnens. “Zo kijken we met behulp van een virtual reality-bril of we je stressniveau kunnen verlagen. Je moet bijvoorbeeld een parcours afleggen, maar alleen als je minder stress hebt, kom je voorbij een obstakel. Het is echt heel leuk”, seit Kleibeuker.

It wurk soarget der wol foar dat se it reedriden en har maatskiplik libben net mear kombinearje kin. “Dat zit er gewoon niet meer in. Dat kan niet meer. Ik heb ook geen NOC*NSF-bijdrage. En dat is prima, maar daardoor kan ik niet meer genoeg trainen. Verwacht daarom van mij niet te veel. Ik vind het gewoon leuk.”

oktober 14, 2019 23:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.